
Koartlyn wie ik mei myn leafste yn Marokko. Op elke hoeke fan de strjitte koest losse sigaretten keapje. It wie in prachtich en frij gesicht. Ik stelde my foar hoe’t ik gau in sigaret keapje soe foar ien dirham, it muntstik wikselje foar de sigaret en om fjoer freegje. Hoe’t ik by it kafee dêr’t ik in sterke espresso dronk, de reek begearich de longen yn sûgje soe. Hoe’t ik de azem ynhâlde soe en úteinlik de reek yn in lange sucht wer nei bûten blaze soe.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder