Teleks: Doch mei oan de masterclass Literêre Performance

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije masterclass Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclass wurdt jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

De masterclass Literêre Performance is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe, en (leafst) al wat presintaasje/poadiumûnderfining hawwe. Yn dizze masterclass ferkenst al spyljend de mooglikheden om in tekst oan en foar it publyk oer te bringen. Wille en ferbyldingskrêft steane foarop.

Lês fierder by Ljouwert, City of LiteratureLês fierder

Streekdichter Pieter van der Zwaag timmert aan de weg

logo.ensafh

Deze week toert de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân langs alle dorpen (inclusief de stad Dokkum) van de gemeente, waarvoor hij twee jaar lang gedichten over alle mogelijke onderwerpen mag schrijven.

Pieter van der Zwaag, woonachtig in Assen en sinds januari de opvolger van Streekdichter Geart Tigchelaar, timmert met een autobiografisch gedicht, dat hij op in het oog springende bomen spijkert, letterlijk aan de weg en hoopt op deze wijze de aandacht op zichzelf en zijn werk te vestigen.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Betinking fan in betinking

logo.ensafh

Freed foar in wike waard yn de Martinitsjerke yn Boalsert betocht dat presys 200 jier lyn by in betinking foar Gysbert Japicx in byld fan dy ferneamde Fryske dichter ûntbleate waard. Wêrom in betinking fan in betinking? Om’t dy betinking fan 2 iuwen lyn fan grut belang wie foar it Frysk en de datum 7 july 1823 faaks wol as bertedei fan de Fryske Beweging beskôge wurde kin.

It byld fan Gysbert Japicx dat no 200 jier yn de Martinitsjerke yn Boalsert stiet. Foto: Tresoar

Op dy dei rûn suver hiel Boalsert út foar de betinking fan de grutte dichter, dy’t dêr wer twa iuwen earder libbe hie, fan 1603 oant 1666 en dy’t troch it Frysk yn syn literêre kreaasjes dy taal, dy’t nei de midsiuwen amper mear skriftlik brûkt waard, wer folle mear oansjen joech.… Lês fierder

It libbensferhaal fan Roel Oostra, âld-direkteur De Lawei: “Ik bin in mazzelkont”

logo.ensafh

“It hat sa wêze moatten. Ik bin oeral yn rûgele. Yn it amateurtoaniel, de amateur-kabaretwrâld, de banketbakkerij en letter ek yn it fak as teäterdirekteur. Ik haw it altyd nei ‘t sin hân. Ik bin in mazzelkont”, seit Roel Oostra.
Yn augustus hopet de Drachtster 103 jier âld te wurden. “As se seinen, wolsto der foar tekenje datsto 150 wurdtst, dan soe ik net tekenje. Ik wol it wol wurde, mar dan moat ik bliuwe sa’t ik no bin. Mar as ik mei 103 jier sels net mear wit dát ik der bin, hoech ik der ek net mear te wêzen.”… Lês fierder

Joël Hut: Kört programma

logo.ensafh

Bydrage yn it Súdwesthoeksk Frysk

Nee, ik bin de ferloofde fan syn dochter.

De o sa oplettende lêzer fan e kollums op dizze website sal mooglik fan san útspraak de intrigearende intertekstualiteit wardeare kenne. In oar het mear útlis noadich. Oars bin ik frij kört fan stof, mar om te skrûwen oer san ferhalende dichter as Arjan Hut meitsje ik graach in útsûndering. Syn soan bin ik dus net.

Presintaasje fan Ien tel de ierde stil. Foto: Roelof van der Schaaf

Syn dochter en ik komme op in lichtbewolkte freedtemidje oan bij de Afûk op e presentaatsy fan Ien tel de ierde stil, de nijste bundel fan Arjan.… Lês fierder