Aginda 16-11-2024: Fedde Schurerlêzing 2024

logo.ensafh

Fedde Schurerlêzing 2024

De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks

Sneon/saterdei 16 novimber 2024 om 14:30 oere (ynrin fan 14:00 oere ôf)

Lokaasje: Tresoar – Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert

Flip van Doorn, sjoernalist en skriuwer (fan û.o. De Friezen) en Sietske Poepjes (politikus en lange tiid deputearre yn Fryslân) binne op dizze lêzing de sprekkers en Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Douwe Kalma neireizge

logo.ensafh

Yntrigearre troch de earste reis nei Ingelân dy’t de Jongfryske foaroanman en letterkundige Douwe Kalma (1896-1953) eksakt hûndert jier lyn makke, beprate ik mei myn maat Binne Keulen, de yndertiid ek yn it Frysk ôfstudearre dosint sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim om Douwe Kalma foar in part nei te reizgjen.

Kalma hie yndertiid wikenlang yn Ingelân west en fan syn reis yn achttjin ûnderskate ôfleveringen yn it tydskrift Sljucht en Rjucht fan 1924 wiidweidich ferslach dien. In jier letter hied er – wer yn deselde moannen, juny en july – syn twadde Ingelânreis makke. Foar in part gie er doe nei deselde plakken ta.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Net sa raar!

logo.ensafh

Hjirre sizze de lju gauris tsjininoar, as se oanjaan wolle dat it libben yn in skeet en in sucht foarby is: A vida é dois dias (It libben is twa dagen)! Dêr’t de oar ornaris drûchwei op anderet: Sim, e um deles já passou (Jawis, en ien dêrfan ha wy al hân)!
De tiid hâldt gjin skoft, sizze Friezen witwêr op ’e wrâld. (No ja, ‘witwêr op ’e wrâld’? Utsein yn Fryslân fansels; dêr sizze se hjoed-de-dei nei alle tinzen: De tijd neemt geen lunchpauze.)
De Romeinen seine: Carpe diem (Nim de dei mei)!
En sa binne wy sa goed as wer werom by it Portugeeske sechje…

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Gerard de Jong: Enerzjy

logo.ensafh

Over 1000 jaar telt elke dâg ’n dartigste fan ’n sekonde meer, omdat de aarde hyltyd stariger draaien gaat (over 180 miljoen jaar telt elke dâg ’n heel uur meer). In ’t jaar 2640 aindigt ’t mezykstik ‘As Slow As Possible’ fan John Cage, dat in ’n kerk in Halberstadt speult. In 24.110 is ’t stralingsnivo in Tsjernobyl soa’t ’t waar fòòr de ramp met de kernreäktor.

D’r ston lessen ’n stik in The Atlantic over de wikipedia-pagina ‘Timeline of the Far Future’: ’n fassinerende tiidlyn fan majeure gebeurtenissen die’t ‘t universum te wachten staan in de nabije, maar fooral fere toekomst.… Lês fierder