Blog Koos Tiemersma: Hooftpijn

logo.ensafh

‘Naar gelang het Noorden’ is út, mei op de foarkant twa âlde jassen. Neffens my hie in te grutte broek better west, en wel hierom.

It hjirboppe neamde boekje is in epistel mei oanrikkemedaasjes foar de P.C. Hooft-prijs fan 2024. Ut namme fan It Skriuwersbûn. In fraaie bondel/blomlêzing/brosjuere mei wurk fan tsien Fryske dichters waard op 3 july oanbean oan Sietske Poepjes, yn it Provinsjehûs noch wol: as je wat dogge, doch it dan yn styl. ‘Naar gelang het Noorden’, jawohl.

Even in koarte foarskiednis. De PC Hooft-prijs is in oeuvrepriis yn it Nederlânse taalgebiet, jierliks út te rikken foar essays, proaza of poëzy.… Lês fierder

Teleks: Tresoar nimt seldsume snydselbank op yn kolleksje

logo.ensafh

Op 2 july 1947 stapten de 27-jierrige Cornelis (Cees) Joustra en 27-jierrige Bouk de Boer yn it houliksboatsje. Dat fierden se mei famylje en freonen yn kafee Bergsma yn Easterein. Spesjaal foar dit bysûndere barren makken freonen fan Cees in saneamde ‘schnitzelbank’. It dokumint is 76 jier letter noch yn goede steat en is dit jier skonken oan Tresoar. As ien fan de mar pear argiven fan Nederlân is Tresoar no yn it besit fan in schnitzelbank!

Lês fierder by EBLTLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XLI

logo.ensafh

Hoe’t ansichtkaarten brûkt binne, is minstens sa nijsgjirrich as wat der op stiet. Ansichten dêr’t de ôfstjoerder mear op skreaun hat as inkeld in adressearring en syn of har namme, binne my it leafst – foaral as it boadskip skreaun is yn it Frysk. Likegoed sitte der tusken de tûzenen Fryske ansichten-mei-in-ferhaaltsje yn myn samling mar in pear dozyn dêr’t de ôfstjoerder Frysk op brûkt. Ornaris is dy ôfstjoerder dan boppedat in erkende frisist of frisiast. It ‘gewoane’ folk skriuwt as regel gjin Frysk, sels net op ansichten oan famylje of freonen. Hoe kin it ek oars as jin altyd yndruid wurdt dat it Hollânsk de noarm foar skriftlik taalgebrûk is en jo nea lêzen en skriuwen leard hawwe yn jo memmetaal?… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Uutneudiging

logo.ensafh

Vandemorgen he’k sjem maekt van josta- en rooie beien en die is hiel lekker wodden. En vandemiddag he’k de plechtighied in Amsterdam op ‘e tillevisie bekeken mit de ekskuses van de keuning. Ik vun et een mooie toespraoke en et is goed dat hi’j die ekskuses maekt het. Mar now mar rap van et verleden naor vandaege-de-dag. Racisme, onverdreegzemhied en schofterighied nemen zo et liekt allienig mar toe. Dat is griezelig, slimme griezelig. D’r is in oonze wereld nog hiel wat te verbeteren.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Jaap Slager: Laam of liuw – it is mei sizzen net te dwaan

logo.ensafh

Us heit hie lju dy’t har wapendieden tefoaren oankundigen, op in pypfol. Sizzen is neat, plichte er te sizzen, dwaan is in ding.

Dat komt my gauris yn ’t sin as ik nei Naked & Afraid op Discovery Channel sit te sjen, dêr’t manlju en froulju waarm oanklaaid yn withoefolle tatoeaazjes fjirtjin dagen of mear sjen litte wolle dat se yn ’e wyldernis oerlibje kinne mei neat as in baas knyft. Dy’t it hurdste roppe dat soks foar har it oergearkommen mar is, lizze nei ien slach al te gûlen om har mem. Net om’t se oanfallen binne fan in liuw, mar fan miggeguod of sawathinne.… Lês fierder