Blog Sigrid Kingma: Nije wurdearring

logo.ensafh

Wy ha it hûs wer foar ússels! Nei fjouwer moannen hat ús Oekraynske gast in nij tydlik plak fûn. It waard in moanne langer as dat wy plend hienen. Dan moatte oars simpele dingen omslachtich oplost wurde. De onedrive fol, e-mail blokkearre, gedichten op de mobyl skriuwe moatte. It dreechste wie lykwols de sfear. Ik hie gjin sjêne as ik krekt wat oan it healwiizjen wie en sy deryn kaam, inkeld argewaasje. Wat fielde ik my somtiden lyts as ik my yn stilte ergere oan pytluttige dinkjes.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Teleks: Frysk en Frij 80 jier 1943-2023

logo.ensafh

Yn 2023 fiert Frysk en Frij har 80-jierrich bestean: it ûntstiet yn 1943 as fersetsblêd, is nei de Twadde Wrâldoarloch in Frysktalich tydskrift en útjouwerij.
Frysk en Frij komt as pamflet yllegaal fan ’e grûn, ferskynt yn 1944 earst yn beskieden beskreaune bôgen en op 1 oktober 1944 sjocht it yn Utrecht en te Bolswert yn druk it ljocht. De namme hâldt yn: frij fan ’e besetter, fergelykje Vrij Nederland.

Lês fierder by Frysk en FrijLês fierder

Aginda 24-05-2023: Fryske poëzij slam

logo.ensafh

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn it tydlike kafé fan Tresoar De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet, dêrnei kinne de dielnimmers los. Gabriëlle Terpstra liedt de jûn.

Sjoch foar mear ynformaasje by Dichter fan Fryslân

Klik op de poster foar in grutter byld

Lês fierder

Teleks: 4 maaie-gedicht fan Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Pieter van der Zwaag ‘De safolste generaasje’

logo.ensafh

 

 

 

De safolste generaasje

Us heit wie in stillenien
Opsluten yn himsels mei syn oantinkens
As hy wat sei, wie it somtiden:
It komt altyd oars út as datsto tinkst
en: moatst dy nea mei polityk bemuoie.

De stilte hong as in wolk
oer pleats en mem en bern

Geandewei waard my dúdlik
wêr’t it swijen weikaam

Twongen troch need hiene hy en syn heit,
myn pake dy’t ik nea kend ha,
keazen foar in partij,
wêrfan’t nei ’45 bliken die,
dat it in foute partij wie.

Us heit kaam der ôf mei in lichte straf,
mar syn libben lang hat er him bedondere field
yn machtleas ferset tsjin de ‘hege hearen’.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Ferstrooide tiid

logo.ensafh

Fan Koaningsdâg ôf waar d’r weer soa’n nussy dagen. Ik noem ’t tussentiid: om feestdagen hine swevende frije tiid om dingen te doen der’t je âns niet an toe komme maar der’t útaindlik niet feul fan terechtkomt. Want útslape, leze, snooker op tv, ’t gedicht most bijskaafd, en happys en drank hale foor ‘n burrel …

Ik hou mijsels foor dat ‘t gyn gebrek an dissipline is, maar ’n noadsaaklik op asem kommen deur ’n fersnelling leger te leven. Jesels je aigen gebreken fergeve kinne is ’n deugd. Ik werk graag en feul, en jùst derom smaakt ’t genoegen je sans gêne over te geven an de tussentiid soa goed.… Lês fierder

Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân ‘Spjalt’

logo.ensafh

 

‘Spjalt’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, skreau diskear in gedicht nei oanlieding fan it sluten fan kearnsintrales. Sigrid Kingma: ‘Yn Dútslân binne okkerdeis de lêste trije kearnsintrales sletten, in beslút dat al makke wie flak nei’t it yn Fukushima misgie. Hoe wolle wy oan stroom komme? De diskusje oer enerzjy giet automatysk oer miljeu en duorsumens, mar ek oer feiligens. Beide kanten tagelyk op sjen, lykas de Stiennen Man, falt net ta.’… Lês fierder

Aginda 13-05-2023: Presintaasje nije dichtbondels fan Joël Hut en André Looijenga

logo.ensafh

Hjirby wurde jo / wurdsto fan herten útnûge foar de dûbelpresintaasje fan twa nije dichtbondels:

de debútbondel Fuortsjefinne fan André Looijeng en Wurd för wurd för wurd fan Joël Hut

As ûnderdiel fan de presintaasjes sille André en Joël fansels in priuwke út de bondels foarlêze en fierders bestiet it programma út it optreden fan inkele kollegaskriuwers.

Nei ôfrin binne de bondels te keap (priis: € 15,00) en is der in noflike neisit.

Datum: sneon 13 maaie
Tiid: 15.00 -17.00
Plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert (Bûterhoeke 1, 8911 DH)

As jo fan doel binne om te kommen soene jo dat dan yn ferbân mei de catering trochjaan wolle oan Utjouwerij Hispel: info@hispel.nl… Lês fierder