Blog Ferdinand de Jong: Twa petearen op freedtemoarn

logo.ensafh

Twa petearen

Hjoed hie ik oant no ta twa petearen dy’t ik even mei jim diele wol. Ik sil gjin nammen neame, dêr giet it ek net om, it giet oer de ynhâld. As earste krige ik in telefoantsje fan in dame dy’t my attindearre op eat dat mei myn wurk te krijen hat. Omdat de namme fan de frou my bekend foarkaam, frege ik wêr’t se wenne. Foardat we it wisten wienen wy yn petear oer har bern en al dy frachtweinen fol feefoer dy’t ik foar harren laden hie doe’t ik noch yn Snits wurke by wat doe Koudijs Wouda hjitte.… Lês fierder

Teleks: Measte Steateleden wolle besuniging taal en kultuer fan tafel hawwe

logo.ensafh

De measte partijen yn Provinsjale Steaten wolle dat de besunigings op taal en kultuer fan 1,6 miljoen euro fan tafel geane. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân.

Mar neffens it CDA is it fan tafel heljen net reëel. Der komme finansjeel drege tiden oan foar de regionale oerheid.

Der stean provinsjale ferkiezings foar de doar. Op 15 maart is it safier. De politike partijen begjinne fan harren hearre te litten, sa ek oer kultuer.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Skôging Pier Bergsma oer ‘Exit Fryslân’ fan Goffe Jensma

logo.ensafh

Ferline jier juny hie ik yn ferbân mei syn ôfskied oan de Grinzer universiteit in fraachpetear mei Goffe Jensma. Dat petear stie yn it lêste nûmer fan DE NIJE, dat yn desimber útkaam.

“Fertoarke studinten bloeiden by ús wer op” (side 50 o/m 54).
Yn dat petear kamen wy ek te praat oer syn plannen foar de takomst. Ien fan de saken dy’t er doe neamde, wie de oankundiging fan syn nije boek Exit Fryslân. Dat boek is der ûndertusken en yn haadstik 16 ‘Exit Frysk! De universiteit en het Fries’ giet Jensma wiidweidich yn op de fraach: “Hoe kan het dat juist tijdens mijn professoraat de enig overgebleven hoofdvakstudie Fries in Nederland ophield te bestaan?”.… Lês fierder

Teleks: Oanbieding opbringst Fryske oersetting Oekraynsk berneboek oan UNICEF

logo.ensafh

Yn april 2022 ferskynde it út it Oekraynsk oersetten berneboek Maia en har freonen yn it Frysk. Alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze Fryske útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân. Ofpraat wie dat de opbringst dêrfan folslein te’n goede komme soe oan Unicef Oekraïne. No, hast in jier nei it begjin fan de oarloch, is it boek hast útferkocht en koe de sjek fan € 3.500,- oanbean wurde.

De Fryske Berneboeke-ambassadeur en oersetter fan it boek Tialda Hoogeveen hat de sjek woansdei oerhandige oan Sipke Jan Bousema, ambassadeur fan UNICEF. “Ik bin der as ambassadeur fan Unicef hiel wiis mei dat Tialda Hoogeveen dit inisjatyf naam hat en dat sy har as berneboeke-ambassadeur foar alle bern ynset.… Lês fierder

Interview Hylke Speerstra: ‘Ik wilde getuigen hoe uit wanhoop twee mooie levens voortkwamen’

logo.ensafh

Hylke Speerstra schrijft al vele decennia non-fictieboeken over met name het leven in Friesland. In zijn new journalism staan anekdotiek en oral history centraal, wat leidt tot een meer invoelende non-fictie. Nu schreef hij de roman Testament van de ziel, waarin het schrijnende, maar ook hartverwarmende verhaal van twee Friezen in Canada centraal staat. Ik spreek hem in zijn werkkamer in Heerenveen.

Door Antal Giesbers

Het verhaal van de roman kun je je voorstellen als een ritssluiting: vanaf het begin worden twee levensverhalen aan elkaar geritst tot een sluitend geheel. Twee mannen van dezelfde generatie groeiden op in Friesland, maar emigreren uiteindelijk naar Canada.… Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: In stikje Boarn

logo.ensafh

“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”

Se binne in pear dagen oan it snoeien west.

Wol acht man gongen der oer gear. Al it grien moast foart.

Ek in rychje Bjirke beammen gongen tsjin de flakte, se hiene wol in pear jier wurk hân om sa grut te wurden. Enorme stobben waarden by de dyk set.

Der waard in ridend toilet ûnder de lêste Bjirk del set. ‘Dy mei libjen bliuwe’, seine se fan heger hân.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder