Teleks: Piter Boersma 75 jier (update)

logo.ensafh

Yn 2022 is Piter Boersma 75 jier wurden. Foar dy gelegenheid hat Hein Jaap Hilarides it wurk fan Boersma lêzen en in fraachpetear mei him holden. De fraach is oft it wurk en libben fan Boersma gearfalle of net. Wat is bygelyks de ynfloed fan de bernetiid yn syn boeken? Yn it fraachpetear seit de skriuwer dat er op dit stuit dwaande is mei in boek oer Warten, it doarp dêr’t er hikke en tein is. Autobiografysk miskien, mar de werklikheid wurdt yn dat boek goed oprutsen. Yn dit nije dossier skriuwt Hein Jaap Hilarides oer it libben en wurk fan Piter Boersma, mei as titel ‘Paradoksen’.… Lês fierder

Aginda 01-03-2023: Boekpresintaasje OERSET

logo.ensafh

Perio nûget jo fan herten út om 1 maart oansteande om 19.45 oere, yn De Gouden Leeuw, it pop-upkafee fan Tresoar, de feestlike presintaasje by te wenjen fan de jongste Perio-boekútjefte, mei de titel OERSET.

OERSET is in mânske bondel troch Hans van der Heijde en Fedde Douwes Dijkstra út it Frânsk, Ingelsk of Dútsk nei it Hollânsk en it Frysk oersette, min ofte mear eksperimintele poëzij. Poëzij en poëzijoersettings dy’t de lêzer ek útnûgje om har sels ris oan sokke oersetterij te weagjen. Mei’t alle gedichten likegoed yn har oarspronklike foarm as yn Hollânske en Fryske oersetting opnommen binne, is OERSET in fiiftalige bondel.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Wat in prachtige wrâld

logo.ensafh

Nee, wol? Ha se dat fergetten? It moat net raarder wurde! En no moat ik mei in pinne yn in gatsje prippe. Ik wit net. Der hat in tiid west dat soks foar mij it oergearkommen mar wie. Mar ik bin langer frijwat trilderich.
It nuvere is, ik kin fierders alles wol mei dat nij ding. Allinnich dat ‘sim’, sa’tsto dat neamst, dat hat men fanneden om tillefonearje te kinnen? En krekt dat … dat ha se fergetten?
Witsto noch dat men eartiids in saak yn rûn, sei wat men ha woe, de winkelman jin dat dan joech en it petear fierders oer it waar gie of sawathinne?… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Fysio

logo.ensafh

Omda’k nog mar twie eerpels in huus hadde, he’k vandemorgen naor gruunteboer Theo op ‘e mark in Wolvege west. D’r kwam daor drekt een man op me toe die me vertelde dat de vrouw en hi’j zundagmiddag slim geneuten hadden van et optreden van Grytsje Kingma en mi’j in de Sionskarke van Ooldeschoot. Zoks is mooi! Dan doej’ et niet veur niks! Omda’k weer een protte last van zere spieren hebbe, bin ‘k vandemorgen (weer) naor Marian west veur fysio

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Rûzje wyn / Fluister wind – docutrailer(s) van Ester Eva Damen met o.a. Elmar Kuiper, Nynke Laverman en Tsead Bruinja

logo.ensafh

De trijedielige FryslânDOK-serie ‘Rûzje wyn’ (Fluister wind) is in syktocht nei poëzy. Filmmakker Ester Eva Damen ferbynt har oantinkens oan Fryslân mei it wurk fan de eigentiidske dichters en performers Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper. Fan 18 febrewaris ôf binne de films te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.

De Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper brûke ferskate talen yn harren wurk. Filmregisseur Ester Eva Damen makke tegearre mei harren in rige byldfertellingen rûnom in Frysk gedicht. In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se k aam werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy’t se yn har libben apart set hie.… Lês fierder

Teleks: Forensic study finds Chilean poet Pablo Neruda was poisoned

logo.ensafh

One of the most enduring mysteries in modern Chilean history may finally have been solved after forensic experts determined that the Nobel prize-winning Chilean poet Pablo Neruda died after being poisoned with a powerful toxin, apparently confirming decades of suspicions that he was murdered.

According to the official version, Neruda – who made his name as a young poet with the collection Twenty Poems of Love and a Song of Despair – died from prostate cancer and malnutrition on 23 September 1973, just 12 days after the military coup that overthrew the democratically elected socialist government of his friend, President Salvador Allende.… Lês fierder

Teleks: Stjoer in ierdappelfers op

logo.ensafh

Dichtbondel oer de ierdappel

Frysk en Frij jout in sammeldichtbondel út mei fersen oer it tema: Ierdappel. Soks yn it ramt fan in histoarysk-kulturele manifestaasje, sjoch Erfgoed Fundaasje. It wurk kin gean oer de ierdappel yn alle opsichten en ynstjoeringen yn alle tongslaggen binne wolkom. By guon talen en dialekten is in oersetting yn it Frysk of Nederlâns wolkom, dat kin de skriuwer sels it bêste besjen.

Sjoch foar mear ynformaasje by Frysk en FrijLês fierder