Blog Henk van der Veer: Eddy in the house met ‘Blauwe engel over mijn borst’

logo.ensafh

Fanmòrren het maat Eddy van der Noord koffy met en bij mij dronken, úteraard met un lekkere koek derbij. Alle kearen wear at Eddy bij mij weest het, krij ik der un stoat adrenaline bij. Simpelwech omdat Eddy un posityf insteld mins is. Hij geeft dus enerzjy.

Fanmòrren brocht Eddy mij nòch un doaske met un antal ‘Blauwe engel over mijn borst’ boeken. Dy had hij op un ferburgen plakje in syn magazine fonden. “Kinst nochris in boek fuortjaan”, sei Eddy. Da’s moai, want ik had allienech myn eigen eksemplaar nòch!

Lês en sjoch fierder by Henk van der VeerLês fierder

Blog Jaap Slager: 12. Taalfersmoarging

logo.ensafh

-Master fertelde lêsten dat it Frysk yn ‘e iere midsiuwen de lingua franca wie yn it hannelsferkear om de Fryske See hinne. Is dêr ek wat fan hingjen bleaun op dy kusten?

-Dy fraach soest foar in part sels beänderje kinne, Krister. Jimme prate thús Noarsk, tink?

-Ja, master. Guon wurden binne wol hast gelikens. Wy brûke bygelyks ‘barn’ foar bern … en ‘barnebarn’ foar bernsbern. En wy sizze ek fan ‘okse’ foar …

-Master, master … wy sizze thús ek fan ‘ox’.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Teleks: Heechlearaar Kuiken yn advys: “Provînsy mot belaid make, maar niet sels ondersoek útfoere”

logo.ensafh

It is gjin goeie saak as de provinsje Fryslân wittenskiplik ûndersyk troch eigen amtners útfiere lit. Taalsosjolygysk ûndersyk nei bygelyks de situaasje fan de Fryske taal kin folle better dien wurde troch in wittenskiplik ynstitút as de Fryske Akademy. Dat stiet yn it advys fan it Gearwurkingstrajekt Fryske Taal en Kultuer (GFTK) oan de provinsje.
Under lieding fan emeritus-heechlearaar Folkert Kuiken hawwe fjirtin Fryske organisaasjes de ôfrûne twa jier wurke oan de opset fan in mienskiplike kennisaginda. Kuiken tinkt op basis fan de petearen dat organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei de Fryske taal en kultuer, lykas AFUK, Fryske Akademy, it Frysk Sociaal Planbureau, Tresoar en de Campus Fryslân fan de RUG mear gearwurkje kinne.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Banshee

logo.ensafh

Achter ôns sat ’n mantsy, de 80 rúm passeerd. D’r sat maar ’n handsyfol mînsen in de filmsaal fan Slieker. ’t Bleek ’n Ingelsman. Hij knoopte ’n praatsy an met syn buurfrou.

“Guster waar ik nag in Keulen”, fertelde hij. “Ik sou na huus maar docht doe: ik hew nag nooit in ’t noorden fan Nederland weest”. Lirys waar hij, over ’t Fries Museum. Hij had d’r de hele dâg omspaand, môrn gong hij weer.

The Banshees of Inisherin speult him ôf op ’t fiktive ailand Inisherin (’t Gaelic ‘Inis Éireann’ betekent ‘’t Ierland-ailand’), tidens de burgeroorlog, soa’n 100 jaar leden.… Lês fierder

Teleks: Antwerpse stadsdichters pakken de pen weer op, los van stadsbestuur

logo.ensafh

Met de steun van allerlei cultuur- en sociale organisaties maakt het Antwerpse stadsdichterschap een doorstart, na het collectieve ontslag van de stadsdichters enkele maanden geleden. Dat schrijft De Standaard. Op één na gaan dezelfde stadsdichters weer verzen schrijven. Donderdag, op Gedichtendag, krijgen ze symbolisch de pen overhandigd door de Antwerpenaren.

Lês fierder by VRTLês fierder

Teleks: Tresoardirekteur Dijkstra sprekt him út tsjin lieding RUG: “Ik wie persona non grata”

logo.ensafh

Direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar is bliid mei de oanstelling fan Arjen Versloot as nije heechlearaar Frysk, mar hâldt wol in “hiel akelich gefoel” oer oan de situaasje. Hy mocht him nei eigen sizzen net mear útsprekke oer de kwestje, dat docht er no wol.
Ferline jier hie Dijkstra tegearre mei wittenskippers en skriuwers yn in iepen brief fûle krityk op it belied fan de universiteit om gjin folweardige heechlearaar oan te stellen. De misje fan de groep is neffens Dijkstra slagge: “Ik bin hartstikke bliid mei Arjen Versloot en dat wy fierder kinne. Mar, en ik praat no foar mysels en net foar dy fjirtich minsken, it wie echt hiel akelich en dat is it altiten noch.”… Lês fierder