Teleks: Anita Terpstra skriuwt Frysk Kadoboek 2023

logo.ensafh

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skriuwt it Frysk Kadoboek 2023. Yn 2009 debutearre sy mei it famyljedrama ‘Nachtvlucht’. De thriller levere har in nominaasje op foar de Schaduwprijs, foar it bêste thrillerdebút. Har boeiende boek ‘Samen’ (2016) waard nominearre foar de Gouden Strop. Neist suksesfolle thrillers skreau Anita Terpstra ‘The Challenge’, in spannend boek foar jongeren, yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprogramma LêsNo. Ferline jier ferskynde fan Terpstra it famyljeportret ‘Al mijn moeders’, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Arjen Versloot oansteld as ynterim-heechlearaar Frysk yn Grins

logo.ensafh

De Ryksuniversiteit Grins prof. dr. Arjen Versloot wurdt ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer. Hy folget dêrmei Goffe Jensma op. Dy gong yn oktober mei emearitaat.
De universiteit beneamde earder al in universitêr dosint Fryske taal en kultuer, dr. Anne Merkuur. Merkuur soe yn de takomst heechlearaar wurde kinne.
Dekaan Thony Visser sei doedestiids dat se gjin geskikte gadingmakker fine koe. Dat sjocht âld-heechlearaar Goffe Jensma oars: “Dit lit sjen dat der wol in goede kandidaat wie.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Bedrige Pim Lammers krijt stipe fan Fryske skriuwers: “Oanslach op it frije wurd”

logo.ensafh

Auteur Pim Lammers, hikke en tein yn Easterwâlde, luts him sneon werom as skriuwer fan it Berneboekewikegedicht. Hy krige bedrigingen fanwegen in ferhaal fan syn hân út 2015. Dat gie oer in relaasje tusken in jonge en syn trainer. Fryske literêre kopstikken kieze de kant fan Lammers.
It koarte ferhaal fan Lammers ferskynde doetiids yn in literêr tydskrift. It kaam koartlyn wer boppedriuwen doe’t bekend waard dat de auteur it gedicht foar de Berneboekewike foar syn rekken nimme soe. Lammers krige dêrnei tal fan bedrigingen. Dêrneist sette kristlike aksjegroep ‘Gezin in Gevaar’ in petysje op omdat Lammers in ‘pedofile skriuwer’ wêze soe, en Twadde Keamerlid Wybren van Haga kaam tot de konklúzje dat de skriuwer bernemisbrûk ferhearliket.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: 11. ‘t Swakke geslacht

logo.ensafh

-Dat moat in hûdfol wurk west hawwe en set alle Hollânske learstof oer nei it Frysk.

-Dat wie ‘t ek, Anne Karin, mar lokkigernôch wisten … en witte … Friezinnen fan de wei en de spraak. It wiene foar it grutste part froulju, sjuch, dy’t dat doe út it strie set hawwe.

-Froulju?

-Froulju, ja. Is dat nuver, Douwe?

-No, nee, mar … froulju hawwe it dochs fierste drok? Manlju hawwe helte mear frije tiid? Of wie dat doedestiids oars?

-Nee, wat dat oanbelanget, is der sûnt net folle feroare. It wie doe al sa, dat froulju tapakke wat fanneden is; as manlju lins hawwe, tebringe se leafst har tiid mei dingen dêr’t se nocht oan hawwe, mar …

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Johan Veenstra: Pim Lammers

logo.ensafh

Ik hadde vandemorgen krek in de kraante lezen dat Pim Lammers doodsbedreigings kregen hadde of ik wodde al beld deur Omroep Frieslaand wat mien miening daor over was. Et bewuste verhael daor alle gedoe over is ken ik niet. Mar ik vien et verschrikkelik. Aj’ vienen dat iene verkeerde dingen daon het, dan kuj’ angifte doen bi’j de pelisie en dan maekt de rechter wel uut aj’ geliek hebben of niet. Zo heurt dat in een demekraosie te gaon. Mar dat alderhaande volk anoniem via sociaole media, meensken daor ze et niet mit iens binnen, doodsbedreigings stuurt, dat is utermaote geveerlik.… Lês fierder

Koudum en de literatuur (19e eeuw): Jacob van Lennep – De roos van Dekama (1836)

logo.ensafh

De historische roman De roos van Dekama van Jacob van Lennep (1802-1868) speelt zich deels in Súdwest-Fryslân af. Koudum wordt drie keer genoemd in het boek dat wel een paar honderd bladzijden telt. Drie keer genoemd, dat zeg ik nu wel, maar als ik eerlijk ben wordt ‘Koudum’ maar twee keer genoemd, de derde keer gebruikt Van Lennep de spelling ‘Coudum’. En met twee van die drie keer is ook nog wel iets aan de hand.

De roos van Dekama uit 1836 was de tweede roman van Jacob van Lennep die in de negentiende eeuw de populairste schrijver van Nederlandse historische romans was.… Lês fierder

Teleks: WOO-fersyk Jongfryske Mienskip oer heechleraar Frysk

logo.ensafh

Wat docht de RuG mei ‘ús jild’?

It Frysk akademysk ûnderwiis stiet ûnder gigantyske druk. De heechleararen Frysk yn Amsterdam en Leien koenen wol fuort en yn Grins begûn de ferskraling fan it universitêre Frysk mei it opheffen fan de iennichste universitêre stúdzje Frysk yn Nederlân. No stiet ek de lêste heechlearaarstoel op ’e wip. En dat wylst de Provinsje Fryslân der alle jierren wol subsydzje foar jout. Wat docht de Universiteit fan Grins mei ús belestingjild? Dat wol de Jongfryske Mienskip witte.

De Jongfryske Mienskip wol dat de Universiteit fan Grins wurk makket fan in folsleine leartstoel Frysk en dêrby de rie fan Goffe Jensma opfolget.… Lês fierder