Teleks: Poëzywedstriid Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.

De opdracht: skriuw in gedicht op in tema binnen in eksakt fak of saakfak. Dat mei wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy wêze. It gedicht moat dêrby as ezelsbrechje tsjinje of de lêzer op in oare manier nei de stof sjen litte.

Sjoch foar mear ynformaasje by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Skriuwe foar FeRstival 2023

logo.ensafh

Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde.… Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Mei de taksy

logo.ensafh

Binne jo kristen?”, freget de sjauffeur oer syn skouder. Ik bin der net op beret en sykje om in antwurd.

Ik bin 0p reis nei myn soan en sit efteryn yn de taksy. Of eigenliks yn in auto mei sjauffeur fan Valys, dy giet wat fierder dan de gewoane taksy.

Op de hinnereis hie ik in Fryske garaazjehâlder út as bestjoerder en op weromreis dizze jonge man út Rotterdam. Neat op oan te merken, beiden wiene op tiid en beiden hawwe in kreaze en skjinne auto.

Lês fierder by Tiden hawwe TidenLês fierder

Aginda 10-02-2023: Boekpresintaasje ‘Testament van de ziel’

logo.ensafh

Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.

De presintaasje wurdt stal jûn yn de foarm fan in fraachpetear. Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, sil de skriuwer freegje nei syn motiven om it boek te skriuwen en de tûkelteammen by it oersetten. Fierders sitte Douwe Draaisma en Geert Mak ek oan tafel.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Skoaie & Funding

logo.ensafh

Yts wat ik fan húsút nyt metkregen hew, dat is skoaie. De haan op houwe. Dêr moesten se bij oans thús niks fan hewwe. Je self rêde kanne, nyt ouhankelek weze fan un ander, was ut adagium. Tòt in ut overdrevene, teminsten dat fond ik, toe.
As jonkje op 11 november achter ut múzykkòrps fanou Húsman syn speultún antoffele met oans lampions. Dan mocht ik na ouloop nyt met om bij de deuren langs. “Nee, machst wat lekkers bij pappe in’e winkel útsoeke, gyn skoaierij”, sei moeke.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder