Kollum Jan Schokker: Glûpertfûgel

logo.ensafh

Bob hie in Schokker wêze kinnen. Eigenwiis as myn bruorren, stiifkoppich as myn soannen, sterk as myn omkes, slûchslim as alle froulju fan ús slachte en bytiden krekt sa ûnnoazel as dizze skriuwende Schokker. Bob hat lykwols op syn minst ien eigenskip dy’t net yn ús famylje foarkomt: hy is neuroatysk. No ja, yn de oantroude fleugel sitte der faaks guon mei dy oanwenst.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Red de Friese taal: geef Franeker zijn universiteit terug

logo.ensafh

De opleiding Frisistiek dreigt te verdwijnen aan de universiteit. Dit soort verwaarlozing van het eigene kan alleen in ons maffe koninkrijk, schrijft Constanteyn Roelofs.

Het borrelt onder alle mensen die de Friezen en de Friese taal een warm hart toedragen: er komt geen nieuwe hoogleraar Frisistiek in Groningen. Goffe Jensma gaat met emeritaat en er is geen opvolger. De kaalslag onder de leuke kleine talen is vreeswekkend. Alle diepgravende programma’s zijn vervangen door netniksige ‘brede bachelors’ die voor een groot deel bestaan uit in het Engels gedoceerde algemene vakken, deel van de strategie van intellectuele vervlakking in de door barbaarse ‘beleidsmakers’ bestuurde universiteiten die vol inzetten op het naspelen van de grote Amerikaanse universiteiten.… Lês fierder

De resinsje fan Corrie: ‘It neidiel fan ‘e twivel’ fan I.E. Bloem

logo.ensafh

Oantrune troch syn learaar, menear Veenstra, giet de 17-jierrige Bas nei Italië foar in útwikselingsprogramma. Tegearre mei de ferwende Vera sil er trije moanne by de famylje Materazzi wenje. Hy hat it bêst nei syn sin. En dan moetet er Julia, in prachtich famke mei in mysterieus ferline. Sy is de leafde fan syn libben, dêr is er wis fan. Krekt as se har freeslike geheim oan him ferteld hat, moat er troch it coronafirus ûnferwachts nei Nederlân werom. Dan krijt er har appke: ‘Dit is de ein. Ik hâld fan dy.’ Bas is der glêd mei oan. Hy moat har rêde, mar hoe?… Lês fierder

Kollum Froukje Sijtsma: De Fryske taal hâldt gjin skoft

logo.ensafh

De tiid hâldt gjin skoft. It is in moaie Fryske útdrukking om dúdlik te meitsjen dat de klok altyd mar trochtikket, oftst dat no wolst of net. Ek yn Fryslân stiet de tiid net stil. En datselde jildt foar de Fryske taal, dy’t ek yn beweging is.
Troch de iuwen hinne hawwe in ferskaat oan skriuwers en dichters dat bêste lân fan d’ierde bejubele en besongen, mar ek gauris harren soargen utere oer de taalsituaasje. Altyd wienen der sprekkers fan oare talen dy’t ynfloed hienen op de Fryske taal.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Tialda Hoogeveen ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

logo.ensafh

Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris – by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke-ambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange.

Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, dy’t yn 2020 ta earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân beneamd waard.

Lida Dykstra naam by deselde gelegenheid, nei trije suksesfolle jierren en mear as 150 skoalbesites, offisjeel ôfskie fan har ambassadeurskip mei de presintaasje fan har nijste berneboek ‘De Letterfretter’ en sil har no wer folslein op it skriuwen rjochtsje.… Lês fierder