Blog Sigrid Kingma: Poëzykoarts

logo.ensafh

Tsjintwurdich kin ik allinnich blogge as ús gast der net is. Dêrom bin ik ryklik let mei in útnûging foar in ‘feestje’. Ik soe in evenemint organisearje, mar it Skriuwersboun hie itselde idee yn de foarm fan in nijjierssûpke. It hat gjin sin om twa kear nei Ljouwert te kommen om deselde minsken te treffen. Dêrom sille wy it kombinearje. Op 28 jannewaris fan 15:30 oant uterlik 19:00 oere is elkenien wolkom om op it nije jier te klinken en om oer gearwurkingen nei te tinken. Ik sil ek wat fertelle oer in posterwedstryd. Kinst hjir oanjaan oftst derby bist.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Briefje van Jan – aan de Leeuwarder Courant

logo.ensafh

Beste redactie,

Toen de haan van de buren mij vanochtend op het Friese platteland wakker kraaide, deed ik wat ik altijd doe: meteen op internet het nieuws opzoeken van de Leeuwarder Courant.

Ik schrok me de kolere!

Sterker: ik schudde mevrouw Dijkgraaf in paniek wakker.

“Thea! Thea!”

“Huh”, zei ze. “Wat is er, joh?”

“Ik denk dat ik een TIA heb gehad vannacht! Ik zit de Facebook-pagina van de Leeuwarder Courant te lezen en ik kom allemaal hele gekke woorden en zinnen tegen! Kun jij eens kijken wat jij ziet staan?”

Lês fierder by Jan DijkgraafLês fierder

Blog Jaap Slager: 7. In wurd in wurd

logo.ensafh

– Master, ús heit seit dat der doedestiids yn Hollân Âldnederlânsk sprutsen waard.

– Jimme heit hat folslein gelyk, Awe. Wy hawwe lêsten al fêststeld dat men ûnderskate talen ûnder de plu fan ‘it Nederlânsk’ beflapt – it Hollânsk likewol as it Frysk. Dat … Âldnederlânsk hat Âldfrysk yn, en ek Âldhollânsk.

– Ja, mar, master … ús heit sei dat it sintsje ‘Hebban olla uogala … eh …’

– ‘… nestas hagûnnan, hinase hic enda thû … uuat ûnbidan uue nû.‘ Jimme heit sei, tink, dat dat ien fan de âldste Nederlânske sintsjes is.

– Ja, master, dat sei ús heit.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: It testamint

logo.ensafh

Ik hebbe mit genoegen de roman It testamint van de Friese schriever Lieuwe Pietersen lezen. Et boek begint mit een moord in et jaor 1905 op et terrein van de kalkovends op Skinkeschâns. Dat is op et west van Liwwadden op Deinum an. Nao die peer bladzieden springt et verhael honderd jaor veerder in de tied, naor 2005. As lezer weej’ dan vanzels dat wat d’r in 1905 gebeurd is te maeken het mit wat d’r een ieuw laeter gebeurt. Ik vien dat mooi en hebbe zoks zels ok daon in Et liek in de Lende. In mien boek lopt een verhael van goed 150 jaor leden geliek op mit et verhael van vandaege-de-dag.… Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Toskedokter

logo.ensafh

Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moed opjûn.

Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle.

As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting by de doarpskapper!

Der sieten se allegearre op in rigele tsjin de muorre oan; froulju as manlju troch in oar hinne. De iene moast knipt wurde en in oare skeard. Der siet ik dan tusken en hie de earen wiet iepen.

Hawar. As lêste klant fan de toskedokter gong ik dûnsjend nei hûs ta, de holle fol mei ferhalen oer minsken dy my tige dierber wiene, minsken fan myn doarp.… Lês fierder

Teleks: Audio-opnames Operaesje Fers online

logo.ensafh

Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden.… Lês fierder