Op syn Gitersk (*1751- †2011). By it ferstjerren fan ien fan de migraasjetalen fan Fryslân

logo.ensafh

Ien fan de bêst bewarre geheimen op taalsosjologysk en dialektologysk gebiet yn Fryslân is wol it saneamde ‘Gieters’, it no útstoarne dialekt fan it Nedersaksysk, as migraasjetaal ôfkomstich fan it Oeriselske Gieteren (Giethoorn) en omkriten. Yn 1751 waard it foar it earst troch de earste turfmakkers nei Aldehaske en omkriten meibrocht, yn 2011 is de lêste sprekker yn Lúnbert stoarn. Yn Tusken Talen hawwe wy (Jonkman en Versloot 2008: 101-103) yn it haadstik Gitersk/Stellingwerfsk beide fariëteiten sa’n bytsje mei inoar lykslein. Dochs foarme it Gitersk sa’n twaenheale iuw geografysk in aparte enklave fan in lang lint fan doarpen dat sa’n bytsje rûn fan Ychten, Dolsterhuzen, Sint Jânsgea, Rotsterhaule, Stobbegat (letter Vegelingsoard), Aldehaske, Terbant, Lúnbert, Tsjalbert, Gersleat, De Tynje en (Nij) Beets (sjoch kaartsje).… Lês fierder

Rely Jorritsma: fan boeresoan nei literêre priis

logo.ensafh

Alle jierren komt syn namme foarby: Rely Jorritsma. Fanwegen de literêre priis dy’t er yn it libben roppen hat. Dy priis wurdt hjoed foar de 70e kear útrikt. Mar wa wie Rely Jorritsma?
Net fier fan de tsjerke yn Jellum, dêr’t hjoed de priisútrikking is, stiet it bertehûs fan Jorritsma. Wa’t foar de rintenierswente stiet, sil itselde sjen as wat Jorritsma yn syn jonge jierren sjocht. Omdat it in ryksmonumint is, is der kwealik wat oan it hûs feroare.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks + Aginda 29-11-2024: Ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek yn Easterlittens

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekFloedBoek dy’t op freed 29 novimber om 20.00 oere yn kafee ‘Herbergh Het Wapen van Friesland yn Easterlittens holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge in koart ferhaal te skriuwen binnen it tema ‘Heech wetter’.

Heech wetter kin fansels frij ynterpretearre wurde. It kin gean oer it wettertij, kinst heech wetter ha ast nedich nei it húske moatst, of miskien stiet it wetter dy finansjeel of mentaal oan ’e lippen ta?

Skriuw dyn ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen en stjoer dat, mei dyn namme derby, foar freed 15 novimber nei ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl.… Lês fierder

Teleks: Skriuw mei oan Lyts gelok!

logo.ensafh

Hokker lyts gelok fertsjinnet in grutter ferhaal?

Wat is bysûnder op in fierder deagewoane dei, wat falt ta as alles tsjin liket te sitten, wat bliuwt gelokkich altyd itselde ek al is al it oare yn beweging?

Foar Lyts gelok siket Ljouwert UNESCO City of Literature 100 bysûndere literêre teksten oer dy mominten datst krekt even oars sjochst nei wat der is. Nim ús mei yn de ferwûndering dy’t dy samar oerfalle kin, en beskriuw de lytse freugden dy’t de dei kleurje, de fraksjes fan gelok dêr’tst hast oer stroffelje kinst.

Hokker lytse (ûn)opfallende saken fertsjinje in grutter ferhaal? – dat trouwens hielendal gjin grut ferhaal hoecht te wêzen, mar ek in koartere tekst, gedicht, dialooch, strip, ferske, oertinking wêze mei

Sjoch foar mear ynformaasje by Ljouwert City of LiteratureLês fierder

Waarschuwing: VBK gebruikt AI-vertalingen voor Engelstalige markt

logo.ensafh

Auteurs van VBK zijn door het concern benaderd om hun boeken door AI naar het Engels te laten vertalen en als e-boek uit te brengen op de Engelstalige markt. Je vindt het bericht van VBK aan ‘auteurs die dromen van een internationale doorbraak’ onderaan deze pagina. De Auteursbond adviseert om NIET op het aanbod in te gaan.

De belangrijkste argumenten:

Lês fierder by de AuteursbondLês fierder