Blog Wobbe Atsma: tiidsferrin

logo.ensafh

De ferwachting fan it tiidsferrin falt wachtsjend altiten tsjin. Alle kearen wer. Altyd as ik moarns ergens ûnderweis ree bin om wer de doar út te gean en fierder te reizgjen, bin ik fierstente te betiid klear. Meastal in kertier. Sawat. Alle kearen wer. It is in doelleas skoft dat needsaaklikerwize net nedich is, mar dat dy wol geregeld yn de besnijing hat. Wat dochst dan… ast de tas al ynpakt en de jas oanlutsen hast. Dan sjochst nochris om dy hinne. In hotelkeamer neisjen by’t ôfreizgjen is net folle wurk, mar wol wichtich. Wêr ûnder it bêd sjen? Nee! Net dwaan seist tsjin dysels.… Lês fierder

Teleks: Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2023 bekend

logo.ensafh

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste Fryske literêre priis, dy’t yn 1947 ynsteld is en tsjintwurdich om it jier útrikt wurdt, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is.

Gysbert Japicx

De advyskommisje bestiet út:
• Rieuwert Krol, redakteur fan it literêre weblog Tzum;
• Jelma Knol, redakteur fan tydskriften en boeken en dosint kreatyf skriuwen en skiednis;
• Jarich Hoekstra, oant foar koart heechlearaar Frysk yn Kiel en aktyf as auteur en oersetter.

De namme fan de priis ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx.… Lês fierder

Teleks: Sietske Poepjes – Sa koart mooglik sûnder echte heechlearaar Frysk

logo.ensafh

De Ryksuniversiteit Grins sil him ynspanne om sa as gau mooglik in nije heechlearaar Frysk te beneamen. Deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok ha dat ôfpraat mei foarsitter Jouke de Vries fan it kolleezje fan bestjoer fan de universiteit.
De RUG makke earder bekend dat professor Frysk Goffe Jensma net opfolge wurdt troch in nije heechlearaar, mar troch Anne Merkuur as universitêr dosint yn dieltiid.
Dat beslút wurdt troch in soad minsken sjoen as ‘degradaasje en útholling’ fan de universitêre stúdzje Frysk en kaam de universiteit op in soad krityk te stean. Net allinnich Fryske organisaasjes protestearren, mar ek de polityk is kritysk.… Lês fierder

Koudum en de Friese literatuur (19e eeuw): de Halbertsma’s en de Rimen en teltsjes

logo.ensafh

Koudum speelt geen grote rol in de Friese literatuur. Als Koudum al een rol speelt, dan is het niet meer dan een figurantenrol. Je moet het soms ver zoeken en dat heb ik dan ook gedaan. Zo zag ik op mijn zoektocht dat de beroemde 19e-eeuwse schrijver en taalwetenschapper Joost Hiddes Halbertsma (1789-1869 ), toen hij in Amsterdam aan het Doopsgezind Seminarie studeerde, les heeft gehad van de Friese professor Rinse Klaasses Koopmans (1770-1826 ). Die Koopmans had in Koudum een tweede woning – zouden we nu zeggen – aan de Bovenweg, waar hij vaak ‘s zomers woonde. Koopmans is ook in Koudum overleden en daar begraven.… Lês fierder