Tsjin alle ôfspraken en advizen yn is der oan de RUG gjin nije heechlearaar Frysk beneamd. Wêrom net? Follow the money!
Sneon 5 novimber hâldt DINGtiid yn De Koperen Tuin in gearkomste mei as titel “30 jaar Europees handvest: drijfzand of dansvloer”. Yn swakke mominten freegje ik my ôf oft sa’n hânfêst foar it Frysk eins wat opsmyt. Deselde fraach haw ik by DINGtiid en sels by de BFTK, de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer.
In pear foarbylden: Yn jannewaris fan dit jier kaam DINGtiid, it Orgaan foar de Fryske taal, mei ‘Ynput foar profyl nije heechlearaar Frysk (RUG)’. It soe gean moatte om sichtbere en sterke universitêre frisistyk as krúsjaal ûnderdiel om de libbensfetberheid fan it Frysk te boargjen.… Lês fierder