![logo.ensafh](https://www.ensafh.nl/wp-content/uploads/2013/01/ensafh-logo-website.png)
Sneintemoarn nei de kofje siet ik wat te zappen. De werhelling fan Match of the Day, de 875e auto dy’t Wheelers Dealers opknappe, datsoarte wurk. En noch in prachtich programma oer Britske buorkerijen, mar dêr sil ik hjir mar net fierder oer fertelle, want dat past net yn de konjunktuer fan it giftige Nederlân anno 2022.
Ik zapte troch en kaam út by Busines Class mei Harry en Suze Mens. Ik tink dat it yn de top 5 fan langst besteande programma’s op de TV stiet. It format is nea feroare, jo keapje josels yn om wat oer jo bedriuw te fertellen en soms is der in politike gast.… Lês fierder