Blog Sigrid Kingma: De perfekte wurkfakânsje

logo.ensafh

Sardinië wie ûnferjitlik. Wat ha we in geweldige tiid hân! De iennichste reden dat ik der noch net oer skreaun ha, is dat ik sûnt myn weromreis noch suver gjin tiid hân ha om te sykheljen. Ik rin fan masterclass nei lêzing, fan útrikking nei foardracht, mar wol hieltyd mei it fakânsjegefoel fan doe noch yn de ûnderbúk. Wat wie it moai!

Wol in bytsje spannend dat we twa wiken foar de tiid noch neat wer heard hienen, wylst ik dochs yn maaie al hifke hie hoe’t it komme soe. Doe’t it hast misgie, ha we dochs sels mar kaartsjes boekt.… Lês fierder

Teleks: 200 jier De Lapekoer: Leauwe yn ‘e 19e iuw

logo.ensafh

Op it kongres ‘Frisian Humanities’ wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy hold doe in lêzing oer de tematyk dêr’t ek syn stik yn ‘Utljochte’ oer giet.

Joast Halbertsma wie dûmny by de menisten (‘doopsgezinden’), in protestantske tsjerkerjochting stifte troch de Fries Menno Simons. Yn it wurk fan Halbertsma fernimt men lykwols amper wat fan syn leauwe. Hoe kin dat?

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Kollum Jan Schokker: Flaeijelfûgel

logo.ensafh

Gjin minske op strjitte yn Nij- en Aldhoarne, gjin auto op ’e dyk, neat gjin oerlêst, sels gjin frjemde fûgel boppe de fredige fjilden. Wy wenje yn in o sa fredich doarp, dat fan syn libbensdagen gjin deadsk doarp wêze sil. Der broeit en brûst wat. De loft trillet en men fielt, in dikke wike foar it grutte Flaeijelbarren, dat beide doarpen gâns ûnder spanning komme te stean. Yn skuorren, yn hokken en loadsen binne de minsken al tiden drok mei de tarieding fan wat nei twa jier covidleechte wer in merakels feest wurde sil.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Utrikking Simke Kloosterman priis 2022

logo.ensafh

Op 23 septimber waard de Simke Kloosterman priis foar de trettjinde kear útrikt. Tusken it publyk yn de Petrustsjerke siet de noch ûnbekende skriuwer fan it winnende boek It neidiel fan de twivel. Foarsitter fan it Lien en boargemaster Oebele Brouwer iepene de middei mei in lytse skiednis fan it Lien en in relaas oer de persoan Simke Kloosterman.

Doe kundige er Brent Polder oan, de winner fan de foarlêskriich Simkes Stimke, dy’t op meinimmende wize in fragmint foarlies út it winnende boek. Brent waard huldige as bêste foarlêzer fan Achtkarspelen.

Lês en sjoch fierder by RTV NoordoostLês fierder

Kollum Gerard de Jong: Opnames

logo.ensafh

‘Op ’t feld binne dúzzenden muzen. Die hewwe klaine oochys en die trippele met hur klaine foetsys flug over ’t sând. En wij foere se, âns frete se ’t boerelând op.’

Ut de speakers klinkt ’n Philip Bloemendal-achtige stim. ’t Fries Film & Audio Archief (FFAA) het tegaar met de Fryske Akademy en Tresoar geluudsopnames út 1927 digitaliseerd. De opnames worden maakt op inisjatyf fan de Dútse hoogleraar Theodor Siebs, die’t in kaart brocht hoe’t d’r op ferskillende plakken Frys – of ândere streektalen – sproken worde.

’t Is ’n goudmyn foor ôndersoekers. Bijgelyks om ferskillen per regio in kaart te bringen of ferskillen tussen hoe’t se doe en nou prate te horen.… Lês fierder

Blog Olivier van Renswoude: Leeuwarden en andere warden

logo.ensafh

Tot ver in de middeleeuwen wonen de meeste Friezen op verhoogde erven verstrooid over een wijd, zeebetwist kwelderland dat bij hoge vloed telkens weer overstroomt, tot aan het uitgestrekte achterland met zijn veen en broekbossen. Een van die erven groeit uit tot een hoofdstad, met een naam die nog altijd een duiding vergt.

Een ander land, een eigen taal

Door de macht van het water konden de landen der Friezen er van de ene op de andere eeuw heel anders uitzien. In het jaar 800, niet lang nadat hun koningen voorgoed door de Franken verslag.

Lês fierder by TaaldachtLês fierder