Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdeitejûn 7 septimber is der in yntroduksjeles foar de kursus Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert.
Yn kursus Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken.
Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.… Lês fierder