Teleks: Oarspronklike tekst iepenloftspul ‘Golf fan Onrust’ fan Simy Sevenster stiet online

logo.ensafh

Inlaiding bij de inhoud fan Golf fan Onrust

Beste besoekers fan’t openluchtspel Golf fan Onrust en andere belangstellenden

De opdracht om ’n openluchtspel te skriven over de erbaaiersstaking in 1890 in de Westhoek kreeg ik fan WHBD (Westhoek Búttendyks) in 2017 en sou in 2018 in de Westhoek speuld worre. Dat liep âns deur ’n beslút fan WHBD.

Na de Corona-jaren gong ’t in 2022 dos an. Golf fan Onrust: De erbaaiersstaking in ’n stroaminne tiid in de Westhoek. De tiid fan Domela Nieuwenhuis, veenstakingen, meetings en socialisten. ’n Roerige tiid.

Op 1 juli sat ik bij de premjêre en murk tot myn skrik en ongeloof dat d’r hele sênes útmisten.… Lês fierder

Oersetting Wallace Stevens, Hieltyd minder minsklik, o woeste geast

logo.ensafh

 

 

 

Hieltyd minder minsklik, o woeste geast

As der in god wêze moat yn hûs, wêze moat,
Dy’t op de trep en yn de keamers dingen seit,

Lit him dan bewege sa’t op de flier it sinneljocht
Of moanneljocht beweecht, swijend, as Plato syn geast

Of it skelet fan Aristoteles. Lit him syn stjerren
Uthingje oan de muorre. Hy moat stil ferbliuw hâlde.

Lês fierder by oersetter Klaas van der HoekLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Wurkje yn de simmer

logo.ensafh

It is fakânsje. Ik hie my foarnommen om de hiele moanne augustus frij te nimmen. Dat slagget oant no ta net sa goed, mar it wurk is soms krekt in dream. Dan draai ik my graach noch efkes om. No sneon bin ik om kertier oer twaen te finen op it Aldehouster tsjerkhôf mei Vincent Vozetic foar in muzikale foardracht fan Swalker, myn Bosk-gedicht. Tagong is fergees, dus as jim lykas ik foar de simmer yn Fryslân binne, oant dan!

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Johan Veenstra: Vleermoes

logo.ensafh

Gisteraovend was d’r gien moes mar een vleermoes in mien slaopkaemer. Doe ‘k op bedde zol, kwam ik mit poes Marja boven en daor fladderde zoe’n ding henne-en-weer. Poes Marja vun et geweldig! Die ston boven op mien bedde mit grote ogen naor dat malle ding te kieken. Want et bin malle dingen. Een inkelde keer krie’k wel es vaeker iene deur et eupen raem in mien slaopkaemer. Ik hebbe al es iene uut et gedien haelen moeten en iene van de grond oppakken moeten. Bah! Now he’k et raem wiedewaegen loszet en daor vleug de vleermoes vot. Poes Marja keek him mit grote ogen nao.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Sneekweekgefoël

logo.ensafh

Ut sal de rest fan Fryslaan ondertussen ok wel dúdelek weze, mar de 85ste Sneekweek is folop lòs na twee blauwe-jeiter-corona-jaren.
Ik ken de klòk der op gelyk sette dat foarangaand an de Sneekweek der un fersoek út ‘het westen des lands’ komt om wat te fertellen over hoe’t ik de Sneekweek erfaar. Ik mach dan in bewoardings probeare ut autentike Sneekweek-gefoël over te brengen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kyk ’s wat ik fon op ’e sôlder (3)

logo.ensafh

In de achterkamertsys fan ôns argyf fonnen wij lessen allegaar opstellen die’t ooit skreven binne foor ’t eksamen Bildts. Dat waar ’n heerlike ferrassing. En dan prate wij over opstellen die’t soms wel dartig jaar oud binne. Der mosten wij fansels wat met doen. En dat doen wij ok. Wij hewwe d’r foor koazen om ’t opstel soa te laten soa’t ’t oorspronklik skreven is. Deuze week ’t opstel fan Klaasje Posthumus-Schottmann.

De boel op stelten

Douwe ferfeelde him, hij liep met ’e hannen in ’e bús om huus hine, skopte wat teugen ’e stenen an en wist niet recht wat-y útfine sou.… Lês fierder

Teleks: Olaf Vos hâldt op as streektaalkonsulint foar it Grinslânsk

logo.ensafh

Olaf Vos hâldt op as streektaalkonsulint foar it Grinslânsk. Nei trije jier komt it plak by it Centrum voor Groninger Taal en Cultuur wer frij. Nei Simon Reker, Eline Brontsema en Ingeborg Nienhuis wie Vos de fjirde profesjonele hoeder fan it Grinslânske Nedersaksysk.

Alle streektaalkonsulinten diene it wurk op harren eigenste wize. Vos hat him benammen yn de muzyk en it ûnderwiis foar de taal ynspand. Gjin niget, want Vos is ek learaar en sjonger. Dat Vos ophâldt as streektaalkonsulint hat ek mei syn oare ynteressen te krijen: hy kin op de skoalle dêr’t er lesjout as psycholooch oan de slach.… Lês fierder