Teleks: Toanielskriuwster Doutsen mocht yn it Frysk ôfstudearje yn Utert

logo.ensafh

De Hogeschool voor de Kunsten yn Utert hie studinte Doutsen van Gosliga tastimming jûn om yn it Frysk ôf te studearjen. De jongfaam fan it Hearrenfean hat dêr tankber gebrûk fan makke en is yn july ôfstudearre as toanielskriuwster. Hja hat it ferslach fan har ôfstudearûndersyk en in toanielstik yn it Frysk ynlevere. It stik is ek opfierd. Hja krige begelieding fan in Frysktalige dosint.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: It hea yn ’e skuorre

logo.ensafh

It is simmer en wy bliuwe noch eefkes yn ’e boerewurden. It is simmer, en foar de biograaf ûngetiid. It boek moat binnen in wike by de printer lizze, en dan komt alles byinoar. Op dit stuit sit ik yn 700 bledsiden printkladden. Hearlik wurk, om te sjen hoefolle gegevens oft der wol net byinoar garre binne oer it libben fan Tony Feitsma yn ’e trije jier dat ik der alles mei-inoar oan wurke haw. In rike rispinge!

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Onhandech & Onnoasel, mar Jaap is de Baas!

logo.ensafh

Alles wat myn staar revisearde ogen siën, ferniële myn hannen. Ik bin ontsettend onhandech at ut op technyk ankomt. Over de oarsaken fan myn technise onfolkomenheden wil ik ut nyt eens mear hewwe.
Ut baanplakke hewwe se mij noait leard en ik had altyd an un hekel an smearege hannen, late we ut der mar op houwe..

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 01-08-2022: Avend rond poëzy en múzyk met Henk van der Veer en Bob van der Linde

logo.ensafh

Half 2021 wurdde bekend dat de Meniste Gemeente Sneek op soek gaat naar un andere bestemming foar har kerkgebou an ’e Singel. Dêrmet komt der un end an goëd driehonderd jaar kerkgang op dat plak. Foar ut sufer is òrganiseare Sneker Stadsdichter Henk van der Veer en òrganist Bob van der Linde mòrrenavend om 20. 00 uur tegare un avend rond poëzy en múzyk.

Se steke de lòftrompet over Sneek, staan stil bij de ròl fan de kerk in de Tweede Weareldoarlòch, relativeare ut bestaan, drome over de toekomst en late jum geniete fan woard en toan.

Sjoch foar mear ynformaasje by Henk van der VeerLês fierder

Rappe yn dyn eigen streektaal: foar de ien makliker as de oar

logo.ensafh

Yn it projekt ‘Wordspøken’ gean fyftjin rappers út Noard- en East-Nederlân oan ‘e slach mei de eigen streektaal. Wat dat opsmyt, is te sjen yn de FryslânDOK ‘Rap út ‘e regio’ fan Herman Zeilstra.

Under lieding fan it Popfabryk yn Ljouwert meitsje de rappers in mikstape mei tweintich tracks. Se krije help fan Bart van de Werken, produsint fan Opgezwolle en Typhoon.
De ‘Proeftuin Meertaligheid’, in inisjatyf fan fiif provinsjes, stipet de rappers en producers. It ferskaat oan taal en kultuer yn ‘e regio fertsjinnet mear, fine de provinsjes. De oandacht en it jild geane no foaral nei projekten yn ‘e Rânestêd.… Lês fierder