Teleks: Boek “Seelter Seeken” digitaal beskikber

logo.ensafh

It boek Seelter Seeken fan Pyt Kramer en Theo Griep is digitaal beskikber. Henk Wolf hat it boek op it webstee www.seeltersk.de pleatst. It jout in soad ynformaasje oer nammen fan plakken en famyljes út it Sealterlân, de Frysktalige enklave yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Fierder steane der âlde fertellingen yn it Frysk fan Sealterlân en yn it (Westerlauwerske) Frysk fan de provinsje Fryslân yn.

It boek is te finen op de side mei wurk fan Pyt Kramer. Klik hjir om dy te besjen.

Boarne: It NijsLês fierder

Teleks: Folle minder jild foar Fryske taal en kultuer

logo.ensafh

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren struktureel 7,2 miljoen euro besunigje. Neffens deputearre Friso Douwstra is dat nedich om foar te kommen dat de provinsje yn de reade sifers bedarret.

Besunigje betsjut ek pynlike besluten nimme, lykas 1,6 miljoenen besunigje op it budzjet foar taal en kultuer mei yngong fan 2025. De provinsje wol ek de provinsjale diken en farwegen soberder ûnderhâlde. Deputearre Douwstra fan finânsjes sprekt fan in ‘sobere en doelmjittige’ begrutting. “Dêr hearre ek pynlike besluten by. Besunigje op taal en kultuer dogge je leaver net, mar as it jild op is, kin it net oars.”

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Oprop foar sprekkers foar workshop: De Lapekoer fan Gabe Skroar 1822-2022

logo.ensafh

Dit jier is it 200 jier ferlyn dat de earste printinge útkaam fan de De Lapekoer fan Gabe Skroar, de foarrinner fan Rimen en Teltsjes. Yn de Workshop Lapekoer wolle wy omtinken jaan oan dit literêre masterwurk troch der lêzingen oer te organisearjen yn relaasje ta de skriuwers (Eeltsje en Joast Halbertsma) en har tiid. Wy freegje lju om har te oppenearjen dy’t op ‘e workshop in lêzing hâlde wolle (likernôch: 20 minuten lêzing + 10 minuten diskusje). De workshop duorret 3 oeren en is ûnderdiel fan de Second Conference on Frisian Humanities (https://frisianhumanities.frl/), dy’t holden wurde sil fan tiisdei 13 septimber oant en mei freed 16 septimber.… Lês fierder

Resinsje Under Wetter: Undergong yn skjintme

logo.ensafh

De lokaasjefoarstelling Under Wetter fan Tryater giet oer ferlies oan tradysje en doarpskultuer. En noch folle mear. De hege ferwachtings troch alle publikaasjes foarôf wurde net hielendal wiermakke. Mar de ein is spektakulêr: in ûndergong yn skjintme.
“Wolkom op it feest fan de natoer. De iisbaan is wer iepen!” Foar eefkes it sintrum fan it doarp, sintrum fan ‘e wrâld. Tryater hat foar de lokaasjefoarstelling Under Wetter wer tradysjegetrou útpakt. In iepenloftspektakel oer tradysjes en mear. Want alles feroaret.

Lês fierder by Henk te Biesebeek op Omrop FryslânLês fierder