Blog Daam de Vries: Koerhuis

logo.ensafh

Koerhuis fan de VVD. Ik hie noch nea fan de man heard en him ek net earder sjoen. Dat is nuver want hy sit al fiif jier yn de Twadde Keamer.

Mar juster wie er ynienen fol yn byld. De man like finaal út ‘e liken, krekt as hie er de alvestêdetocht krûpendewei folbrocht sûnder ek mar ienkear in hap iten of in slok drinken hân te hawwen.

Dat wie lykwols net sa. Nee, hy hie koartlyn in stel út Ljouwert mei in pear bern troffen. Dy gûlden. Want it fleantúch dat se op Skiphol boekt hiene, gong net. En it alderslimste wat in VVD-er oerkomme kin is dat er in potinsjele stimmer treft dy’t stiet te skriemen.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Ferwachtingen

logo.ensafh

It gedicht stiet derop. Jim hienen al in skoftsje ferlyn foar in gedicht oer machtsmisbrûk keazen. Hooplik is it neffens ferwachting, as jim al konkrete ferwachtingen hienen. Der wie yn alle gefallen in aktuele oanlieding foar.

Ferwachtingen komme net altyd út. Wy hawwe al fjirtjin dagen de ferwachting dat we oer in pear dagen wer thús dûse kinne, mar we sitte no al fiif wiken yn ûnrêst fan de ferbouwing fan de badkeamer. Se binne skytsjedreech en rottekrûddjoer, mar gelokkich wurkje se netsjes. Fan ‘t wykein is it nei de nijste ferwachting einlings klear. Dan ha we wer efkes de rêst fan gjin minsken oer de flier.… Lês fierder

Teleks: D. A. Tammingapriis foar Paul van Dijk

logo.ensafh

Paul van Dijk fan Warkum hat de D. A. Tammingapriis wûn foar syn bondel ‘Famke fan snie’. De D .A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en 3000 euro grut, is in mearjierlikse priis, ornearre foar it bêste literêr debút. Hy wurdt om bar takend foar proaza en poëzy. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, keas ‘Famke fan snie’ út de tolve poëzydebuten dy’t tusken 2017 en desimber 2021 ferskynd binne.
‘Famke fan snie’ hat as sintraal tema it ferlies fan in lyts, tear famke en is opset as in symfony yn trije parten, rinnend fan mineur nei majeur.… Lês fierder

Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân ‘Wjuklam’

logo.ensafh

‘Wjuklam’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de misstannen dy’t oan it ljocht kamen rûn it tv-programma ‘The Voice of Holland’ en de uterings fan Johan Derksen yn it tv-programma ‘Vandaag Inside’.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: ‘Der komt gauris in ferhaal oer seksueel misbrûk boppe tafel dat net ûnderdocht foar De Smearlappen fan Anne Wadman. Wat fan ‘t jier begûn mei in dickpic is útrûn op in hiele rige skandaalferhalen.… Lês fierder

Skôging Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: byfangst

logo.ensafh

It moaie fan in biografy is dat men ien syn (m/f) hiele libben besiket by lâns te gean, by wize fan sprekken alle stiennen eefkes optilt en dan sjen wat dêrûnder sit. Sokke stiennen binne bygelyks de bûsboekjes fan Tony Feitsma, dy’t hast allegear bewarre bleaun binne.

Om earst mar wat rjocht te setten: gauris heart men, of hear ik yn alle gefallen, dat Tony Feitsma alles bewarre. Mar dat is sa net. Se bewarre wol in soad, en se koe ek min dingen fuortdwaan. Mar se wie net hiel systematysk, en mei al har drokte en aksje fersloech se der ek wol gauris yn.… Lês fierder

Teleks: Piet Paaltjens wandelpad geopend

logo.ensafh

Wandel- en poëzieliefhebbers konden zaterdag 30 april het culturele Piet Paaltjens Pad voor het eerst lopen. Vanaf Bibliotheek Dokkum begon de 10 km lange wandeling, die eindigde in Foudgum. De voetstappen van dichter-dominee François HaverSchmidt/Piet Paaltjens lagen deze dag op de verharde en onverharde paden.

De wandeling startte vanuit Bibliotheek Dokkum, de leeszaal was deze dag in de sfeer van theatervoorstelling Grauwe Hemel ingericht. De wandeling was zo opgezet dat men over de oude paden tussen Dokkum en Foudgum liep. Je waande je terug naar 1860 in horen en zien met onderweg bijzondere ontmoetingen. Onderweg kwam de literaire nalatenschap via theater en podcast van dominee François HaverSchmidt die onder het pseudoniem van Piet Paaltjens gedichten schreef naar voren.… Lês fierder