Teleks: Bettere beleanning en promoasje fan Fryske skriuw(st)ers

logo.ensafh

It bestjoer fan it Skriuwersboun hat justerjûn yn Tresoar it rapport fan harren Wurkgroep Honoraria presintearre. Yn dit rapport stean in tal fan advizen om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen:

a) minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht
b) de oanbefelling om wer 50% fan de royalties as foarskot te freegjen yn it kontrakt mei de útjouwer
c) Boeken fan Fryslân te fersterken troch bettere en mear promoasje te meitsjen foar de Fryske literatuer troch jierliks in tal spearpuntboeken sa grut mooglik yn it publike domein te promoatsjen

It folsleine einrapport is taheakke yn de mail. It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes yn de seal, lykas Pier Bergsma, foarsitter fan de Rie fan de Fryske Beweging.… Lês fierder

Teleks: Tresoar is al 20 jier de skatkeamer fan Fryslân!

logo.ensafh

Tresoar bestiet dit jier 20 jier! De skatkeamer fan Fryslân traktearret dy yn it jubileumjier op allerhanne ekstra aktiviteiten. Mei de toer Tresoar komt nei dy ta! giet Tresoar de provinsje yn om de bysûndere ferhalen fan dyn wenplak nei dy ta te bringen. Dêrneist litte meiwurkers fan Tresoar alle wiken – it hiele jier lang – online har persoanlike topstikken sjen. En dat is noch net alles: Tresoar is nammentlik benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ferhalen fan no fertelle ús letter mear oer ús ferline, ús wearden en ús hoop. Om dy reden docht Tresoar de oprop om safolle mooglik ferhalen te dielen mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan.… Lês fierder

Teleks: Provinsjale priiswinner krijt ekstra jild foar promoasje

logo.ensafh

Winners fan Fryske prizen lykas de Gysbert Japicxpriis en de Gerrit Bennerpriis krije aanst in spesjaal promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan 5.000 euro. Dêrmei kinne se bygelyks in útstalling oer in wurk organisearje of in oersetting fan in boek meitsje litte. Tagelyk is it in stimulâns foar it fjild. It is ien fan de nije ûnderdielen fan de nije oanpak fan de provinsje foar syn literêre en kulturele prizen.

It promoasje- en ûntwikkelbudzjet wurdt tawiisd oan 5 provinsjale prizen, nammentlik de Gysbert Japicx-, de Bernlef-, de Gerrit Bennerpriis en de twa Vredeman de Vriesprizen (ien foar Untwerp en ien foar Arsjitektuer).

De nije prizeregeling is ûntstien om’t de provinsje mear út syn prizen helje wol as oant no ta dien is.… Lês fierder

Teleks: Ferslach Literêr Sirkwy by útstalling Kor Onclin

logo.ensafh

Freed 1 april wie der ta gelegenheid fan de Kor Onclin tentoanstelling yn Obe, in dichtersjûn organisearre troch it Literêr Sirkwy fan it dichterskollektyf Rixt en meiwurkers fan Tresoar.

Marleen Onclin wie oanwêzich as spesjale gast en sprekster. Op it lêste stuit kamen der ek dichters fan Dichter Bij Leeuwarden by. Spitich wie dat muzikant Jan de Vries troch sykte útfallen wie, mar muzikant Ruben Bus rêde dermei en wist ferskate dichters hiel moai te begelieden mei syn muzyk en soarge ek tuskentroch foar moaie muzyk. It publyk siet yn in heale sirkel om de optredende dichters hinne. Nei it skoft doe’t de delegaasje fan Dichter Bij Leeuwarden optrede, kamen der aardich wat fans troch de doar om harren ‘matties’ optreden te sjen.… Lês fierder