Kollum Jan Schokker: Gefoelsfladderer

logo.ensafh

In minske is in nuvere fûgel, foaral as it giet om it uterjen fan gefoelens. Hoewol’t men in hiel folk fansels nea yn in fakje plakke moat, hawwe wy Friezen der wis en wrachtich problemen mei. No ja, lit my mar sizze dat ik soks faaks lestich fyn. Mar fan ’e wike wie it efkes oars.

Us âldste soan wie in pracht fan in standbouprojekt gund. Foar in ferneamd printbedriuw yn Dokkum mocht er foar in fakbeurs yn Gorinchem in tige yngewikkelde presintaasje opbouwe. Mei in team fan sa’n tweintich flinke trochpakkers moast dat it ôfrûne wykein op tiid te realisearjen wêze.… Lês fierder

Teleks: Simke Kloostermanpriis foar ‘It neidiel fan de twivel’ fan I.E. Bloem

logo.ensafh

De Afûk skriuwt: Wy lokwinksje I.E. Bloem mei it winnen fan de Simke Kloostermanpriis 2022! De priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei It neidiel fan de twivel fan I.E. Bloem, yn 2021 ferskynd by útjouwerij Afûk. Dat hat de sjuery foar de Simke Kloostermanpriis 2022 besteande út Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg bekendmakke.

Oare nominearre boeken wienen In nuvere nacht fan Anne-Goaitske Breteler, It deiboek fan Janny van der Molen, Jesse fan Mindert Wijnstra en Wurden fan Timo fan Tialda Hoogeveen. It neidiel fan de twivel is de twadde Young Adult roman fan de skriuwer, in nije stjer oan it Fryske firmamint dy’t ûnder pseudonym publisearret.… Lês fierder

Aginda 16-04-2022: literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker

logo.ensafh

Sneon 16 april: literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker

Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 16 april 2022 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022 Ilja Leonard Pfeijffer yn de Westerkerk yn Ljouwert. Pfeijffer wûn yn 2014 mei syn roman La Superba de Libris Literatuerpriis. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa.

Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Jetske Bilker de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk.

Op dizze jûn wurde sawol de skriuwer en haadgast fan it Boekenweekgeschenk, Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd troch Coen Peppelenbos.… Lês fierder

Aginda 12-04-2022: Jûn foar de Freonen fan Tresoar – Yn it teken fan dichteresse Rixt

logo.ensafh

Op 12 april organisearje de Freonen fan Tresoar in jûn yn it teken fan dichteresse Rixt: in pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979). Rixt wie de earste froulike dichter dy’t yn 1953 de Gysbert Japicxpriis wûn foar har bondel De Gouden Rider (1952).

Op it programma

Wolkom troch it bestjoer Freonen fan Tresoar
Lêzing oer it wurk en de betsjutting fan Rixt yn de Fryske literatuer troch Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar
Foardracht fan 5 dichters fan it Fryske dichterskollektyf RIXT

Under de lêzing giet Meindert yn petear mei de hear Renze Yetsenga. Yetsenga hat de dichteresse persoanlik kennen en is in fier famyljelid fan har.… Lês fierder