Aginda 01-04-22: Literêr Sirkwy nei oanlieding fan útstalling Kor Onclin

logo.ensafh

Dit twadde Literêr Sirkwy organisearret RIXT yn gearwurking mei Tresoar.
De oanlieding foarmet de tentoanstelling ‘Ferwondering en Verontrusting’ fan byldzjend keunstner Kor Onclin yn Obe.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de útstalling.

De dichters dy’t wurk skreaun hawwe by de tentoanstelling trede foar it skoft op.
De Bilkerts Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk.

By elk Literêr Sirkwy is der nei it skoft in iepen poadium.
Elk dy’t in gedicht (fan har/himsels of fan in oar) foardrage wol, is tige wolkom om dat te dwaan.

Meidwaan oan it iepen poadium? Graach fan tefoaren efkes witte litte op ynfo@rixt.frl… Lês fierder

Teleks: Pyt van der Zeepriis nei Wybo Smids

logo.ensafh

De Pyt van der Zeepriis foar amateurtoaniel giet dizze kear nei akteur Wybo Smids. Hy krige de priis yn Stedsskouboarch de Harmonie út hannen fan deputearre Sietske Poepjes útrikt.

Utrikking Pyt van der Zeepriis 2022 (foto: Xanne Vera)

De Pyt van der Zeepriis wurdt troch de provinsje Fryslân ien kear yn ’e trije jier útrikt oan de persoan of organisaasje, dy’t yn dy perioade fan bûtengewoane betsjutting west hat foar it amateurtoaniel yn Fryslân. De sjuery hat unanym keazen foar Wybo Smids. Wybo Smids hat in grut hert foar it Fryske amateurtoaniel.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Johan Veenstra: Vledder

logo.ensafh

De kommende maendagaovend, 21 meert, vertel ik verhaelen/gedichten in de biebeltheek van Vledder. Dat doe ‘k in et kader van Schrieversfestival Stienwiek. In et verleden he’k daor al vaeker veur optreden. De laeste keer was in de biebeltheek van Ooldemark, tegere mit Marjan Berk. Iederiene kan d’r maendag in Vledder naor toe. Dus: wees welkom! Ik zie jim daor graeg! Et adres is: Lesturgeonplein 6 in Vledder. Et begint aovens om 8 ure en om 10 ure is et oflopen. Et is de bedoeling da’k twie keer drie kertier vertelle mit een schoft d’r tussenin. Leden van de biebeltheek betaelen 6 euro intree, niet leden betaelen 7,50 euro.… Lês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger: Lokaal

logo.ensafh

Ferkiezingen hiene noch nea sa’n lokaal karakter as de gemeenteriedsferkiezingen fan dizze wike. Tagelyk stie it lokale dêrtroch lanlik in hiele jûn yn de oandacht.

It lokale breed útmetten yn in jûnfoljende programma, dat gerêst as de Oscarútstjoering fan de polityk typearre wurde kin. Der is sels in eigen hashtag!

It is in feest foar minsken dy’t hâlde fan sifers, feiten, weetsjes, lokale partijnammen en plaknammen, statistiken, ferspringende kaarten en lokale reportaazjes, no út sân útkarde gemeenten. Noch net earder seagen wy safolle lokale politisy op in jûn yn byld.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: In bewegersblomlêzing? Dat noait

logo.ensafh

Nije Fryske fersen / Nieuwe Friese gedichten, 2000-2020

Yntroduksje [Elmar Kuiper en Abe de Vries]

Begjin 2020 fetten wy samar in dryst, om net te sizzen oermoedich plan op. Us idee wie om mei in seleksje fan gedichten in byld te jaan fan de moderne Fryske poëzy yn de lêste tweintich jier.

It wie tiid, tochten wy, en besykje mear lêzers te lûken foar al dy ûnbegryplik goede, hjoeddeiske gedichten yn it Frysk. Want sa’n protte omtinken krije dy fersen net. It Frysk is in lytse taal, mei yn Fryslân mar sa’n 350.000 memmetaalsprekkers, dêrbûten miskien noch in kear safolle. Wol is it in taal dy’t grut gean kin op in lange literêre tradysje fan fjouwer ieuwen.… Lês fierder