Aginda 16-07-2022: Presintaasje nije bondel ‘Utsicht’ fan Aggie van der Meer

logo.ensafh

Trije Fryske kulturele organisaasjes, Tresoar, Afûk en Stichting Uitzonderlijke Producties (UP), hawwe mei-inoar it inisjatyf nommen om nij wurk fan de Fryske skriuwster Aggie van der Meer (93) út Boalsert út te bringen yn in bondel gedichten en ferhalen, ûnder de titel: ‘UTSICHT’. Komponist Hoite Pruiksma makke op basis fan dy teksten ferskate komposysjes en hat se mei it koar CAPELLA FRISIAE en ferskate oare muzikanten gearstald op in cd dy’t yn dizze bondel opnommen is.

Sneon 16 july 2022 om 20.00 oere wurdt de nije bondel mei cd presintearre yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Teleks: Alpita de Jong winner fan de dr. Joast Halbertsmapriis 2022

logo.ensafh

Alpita de Jong hat de dr. Joast Halbertsmapriis 2022 krigen. De Jong wie earder redakteur fan ensafh.

Omrop Fryslân: Skriuwster Alpita de Jong krijt de dr. Joast Halbertsmapriis foar de biografy dy’t se oer Halbertsma skreaun hat. De Fryske skriuwster siet by de lêste fiif nominearren, fan 200 ynstjoerde wurken foar de priis.
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dat tiisdei besletten, op advys fan in ûnôfhinklike sjuery. De Jong krijt de dr. Joast Halbertsmapriis fan 2021 foar har wurk: Joost Halbertsma 1789 -1869; In biografy.

Dit wiene de nominearren.… Lês fierder

Aginda 29-04-2022: Dichter fan Fryslân iepenet útstalling Keunstakademy en treedt op mei Elmar Kuiper, Tsead Bruinja en ZEA

logo.ensafh

 

Op freed 29 april iepent de Dichter fan Fryslân in útstalling fan de Kunstacademie Friesland.

Dyselde jûn stiet sy teagearre mei kollega-dichters Elmar Kuiper en Tsead Bruinja, tegearre mei ZEA, yn MeM yn Bûtenpost. De Dichter fan Fryslân is tegast tidens de Skuorre- en Tsjerketoer fan ZEA en Tsead Bruinja. ZEA spilet wurk fan syn yn novimber útbrocht album ‘Witst noch dat der neat wie’ en Tsead Bruinja draacht foar út syn nijste dichtbondel ‘Ynbêde / Ingebed’ dy’t op 25 maart ferskynt by de Afûk.

Kaarten foar dizze jûn fia MeM, Bûtenpost.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Oprop 13-03-2022 ‘OPTREDE FOAR DE FREDE’

logo.ensafh

OPTREDE FOAR DE FREDE
SNEIN 13 MAART
12.00 – 14.30 OERE
PLAK: YTKAFEE DE BASUIN
Nieuwe Hollanderdijk 1, Ljouwert
skriuwers, dichters en muzikanten
litte in artistyk tsjinlûd hearre

Dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert organisearje kommende snein 13 maart in kulturele manifestaasje foar de frede.
Skriuwers, dichters en muzikanten komme byinoar yn ytkafee De Basuin (achter it Ljouwerter stasjon) en foarmje in line-up mei koarte optredens.
Ferskate learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé dogge ek mei.
De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Amarins Geveke, haadredakteur fan De Moanne.
Elkenien is tige wolkom.
De tagong is fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Archief

logo.ensafh

Ik hebbe vandemorgen een grote hoop brieven en mailties naor de Stellingwarver Schrieversronte in Berkoop brocht. Et bin allemaole reakties van meensken op mien boeken, kollums in de Liwwadder Kraante en dagboekstokkies op mien webstee. Ik hebbe wel es eerder een flut van dat spul naor de Schrieversronte brocht. Et komt daor allegeer in et archief zodat et goed beweerd blift. Bi’j wa’k now hennebrocht hebbe, zatten ok een protte (vaeke hiele ontroerende) reakties op mien autobiografische roman Een brogge van glas.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Feilech

logo.ensafh

‘Oarlòch is dichterbij at je denke! En de sirenes loeie mar en de sirenes loeie mar…’, su eindegde foarge week maandach myn kollum. Ik kan en wil nyt anders dan der un ferfòlch an geve. Want de alarmbellen en sirenes loeie nòch hieltyd in myn kòp, binne nyt tòt bedaren te krijen.

Dat overkwam mij op 18 september 2013 ok, alarmbellen dy’t ougingen en nyt su súnech. Alarmbellen as metafoar, want ut was gewoan un trein dy’t over myn burst denderde, un Blauwe Engel. Om un lang persoanlek ferhaal kòrt te houwen, ik ging met toeters en bellen in un sikenauto naar ut Sint Antonius en later naar ut MCL in Liwwarden foar un swikje omleidings.… Lês fierder