Blog Johan Veenstra: Fries Museum

logo.ensafh

Een dag of wat leden kree’k een kaorte van Harry vanuut et Drents Museum in Assen. Die was daor naor de tentoonstelling van Frida Kahlo west. Dat was een goed veurbeeld veur mi’j. Ik bin vandemorgen eindelik es weer (mit een mondkappien op) in de trein stapt. Ik hebbe nog verschillende treinkaorties die bruukt wodden moeten, mar dat kon nooit vanwege corona. Ik hebbe now iene opbruukt die op 21 meert niet meer te bruken wezen zol. Ik bin naor et Fries Museum in Liwwadden west en hebbe daor de tentoonstelling á la Campagne bekeken. Het Franse licht van Maris tot Monet.Lês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger: Trochfytse

logo.ensafh

De toanen dy’t we hearre binnen ôfwikseljend toanen fan eangst, fan hoop, fan fertriet, fan solidariteit. Alle dagen is it wer de fraach wat der dy dei barre sil yn de oarloch dy ‘t ûnder ús eagen fierd wurdt en hoe ‘t wy ús dêrta ferhâlde kinne. De toanen giel en blau siere op in soad plakken de strjitten as teken fan solidariteit, minsken roppen inoar mear en mear op wat te dwaan of te jaan. De toan fan dizze wike is dêrtroch ek de toan fan selsrefleksje, refleksje op ús eigen libben. Want wy hawwe it sa goed en dat winskje we in oar ek ta.… Lês fierder

Teleks: Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2022

logo.ensafh

Sjueryleden fan de Simke Kloostermanpriis 2022 Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg hawwe 40 Fryske berne- en jongereinboeken trochnommen dy’t skreaun binne yn de jierren 2019-2020-2021. Unôfhinklik fan elkoar kamen sy ta fierhinne deselde list mei favoriten. Sadwaande hat de sjuery yn grutte ienriedigens fiif boeken nominearre foar de priis.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Tweet Cornelis van der Wal: Frijwol gjin Frysk te ûntdekken by Arcadia

logo.ensafh

 

 

 

Frijwol gjin Frysk te ûntdekken by Arcadia @LF2018. De website arcadia.frl is ientalich Nederlânsk. It giet deselde kant op as Ljouwert 2018: de Fryske taal docht der net ta.

https://arcadia.frl/

En:

Artistyk Lieder Sjoerd Bootsma hat him al mear as ien kear negatyf oer it Frysk útsprutsen. https://www.ensafh.nl/?p=52765

Boarne:  Cornelis van der Wal op TwitterLês fierder

Aginda 05-03-2022: Iepening tentoanstelling Kor Onclin mei poëzij

logo.ensafh

Op sneontemiddei 5 maart wurdt yn OBE, poadium foar Fryske kultuer, de tentoanstelling KOR ONCLIN, FERWÛNDERING EN ÛNGERÊSTENS, iepene. Mei in seleksje skilderijen en objekten presintearret Tresoar oan de hân fan fjouwer tema’s in oersicht fan Onclin syn wurk. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan de makkers fan de tentoanstelling poëzy skreaun by wurk fan Onclin. In seleksje út dy gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.

De tentoanstelling wurdt nei in koarte ynlieding fan ûnder mear kurator Yvonne Willems en Kommissaris fan de Kening Arno Brok iepene mei poëzy en muzyk. Edwin de Groot sil dan syn gedicht ‘By in blauwereinbeam en in reinbôge’ foardrage.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Aginda 02-04-2022 o/m 25-06-2022 : ZEA en Tsead Bruinja tegearre op Skuorre- en Tsjerketoer troch Fryslân en Amsterdam

logo.ensafh

Fan 2 april oant 25 juny toere sjonger ZEA en ik troch Fryslân. Wy hoopje jim te treffen!

02-04 – SNEEK – BOLWERK

09-04 – MAKKUM – DONIAKERK

10-04 – KOARNJUM – NICOLAASKERK

15-04 – LEEUWARDEN – WESTERKERK

23-04 – FOUDGUM – MARIAKERK

24-04 – DRACHTEN – MUSEUM DR8888

29-04 – BUITENPOST – MeM

01-05 – DEDGUM – SINT JORISKERK

07-05 – BLESSUM – MARIAKERK

14-05 – JORWERT – REDBADTSJERKE

15-05 – AMSTERDAM – CAFE EIJLDERS

22-05 – EXMORRA – DICHTER OP DE DEEL

28-05 – LEEUWARDEN HUIZUM – DORPSKERK

29-05 – BEARS – MARIAKERK

25-06 – HARLINGEN – LITERAIR FESTIVAL

Tickets binne te finen op de website fan produksjehûs Explore the North: https://www.explore-the-north.nl/Lês fierder