Kollum Gerard de Jong: Ferbreke

logo.ensafh

Lessen waar ik op ’n interessante ‘inspirasysessy’ om na te dinken over ’t ferhaal fan Noordwest-Frysland. Soa’n dartig mînsen út Waddenhoek en Harlingen waren noad om hur te bugen over de ‘branding’ (niet die bij see, maar ’t in de met setten fan ’n merk) fan de regio.
De anwezigen kwammen allegaar út ’t gebied sels. Inkeld de sessylaider kwam út ’t oasten fan ’t lând. Doe’t hij in ’t Nederlâns foorsteld had om ’n korte introduksyrônde te doen froeg ’n Fries de andacht: ‘Zullen we de voorstelronde in het Nederlands doen?’, saai hij. ‘Dan verstaat de projectleider het ook.’
De projektlaider saai: ‘Oh, maar ik versta het Fries prima hoor.… Lês fierder

Teleks: Skriuwe foar FeRstival

logo.ensafh

Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2022 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Op ut plús, teminsten…”

logo.ensafh

Hij trilde as un espeblad, hij fon ut spannend syn earste interview met un lokale sjoernalist. Hij, jonkje fan 22 jaar dy’t as een fan ‘e weinege jongeren wel interesse foar de poltityk toande.

Al fijf jaar fòlgde hij de de Groate Leider. In un netsjes jaske, trendy rútsjemotyf, en un saankleurege pantalon sat hij dêr. Je konden um su deursture naar de cattwalk fan un Italiaanse moadeontwerper. Mar dêrfoar sat hij nyt op ‘e públike tribune fan ut Bestjoershús fan Súdwest-Fryslaan an de Marktstraat in Sneek. Nee, hij mocht antwoarden geve op un antal fragen.

De earste fragen waren nòch nyt su moeilek, syn naam, syn leeftyd en wat hij in ut dageleks leven deed.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Douma yn ‘e doema

logo.ensafh

Ik sil dêr wol wer hosk mei wêze, mar ik besau my fan dat sa’n bytsje lju begryp hawwe foar it Russyske trauma. De Frãnske ynvaazje en de Dútske siet goed hûndert jier tusken. Beide kearen kamen de Jeropeeske legers de Russen oer it mêd oer de flakte noard de Kaukasus.
De lêste kear kamen mear as 175 miljoen — nee, dat is net in typflater — Russen by dea. Doe krigen de Russen in bytsje har nocht derôf en lutsen it gerdyn noard de Kaukasus ticht.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Teleks: Frysk ûnderwiismateriaal tenei op ien plak te finen

logo.ensafh

 

De nije webshop fan Taalplan Frysk 2030 is moandei iepene. Yn de webshop is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis op ien plak te finen.

Ferskate Fryske taal- en ûnderwiisynstellingen wurkje gear om al it materiaal dat der foar Frysk ûnderwiis en ûnderwiis yn it Frysk beskikber is, op ien plak oan te bieden. Yn in nije webshop binne no boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te finen foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren, op alle nivo’s.

It doel is it sichtber meitsjen fan it Frysk, it Frysk lêzen te befoarderjen en om te helpen it fak Frysk, en fakken yn it Frysk foarm te jaan.… Lês fierder