Blog Sigrid Kingma: Febrewaris folgje

logo.ensafh

‘Wêrom skriuwst net wat faker in blog, Sigrid? Dan wurde we in bytsje meinommen yn wat der om dy hinne bart.’ Dat is in goed idee. No’t ik werom bin fan in búkgryp, ha ik in soad wurk lizzen, dus genôch te dwaan om oer te skriuwen. Alle dagen fan febrewaris sil ik in stikje skriuwe oer wat my dwaande hâldt. Sa hâlde we dochs in bytsje bining mei inoar.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Teleks: Tredde moannegedicht Arjan Hut op RIXT: ‘Pop-upstore’

logo.ensafh

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Pop-upstore is syn tredde moannegedicht.

Pop-upstore

It liket as sit se dêr allinne, in
jonge frou op de flier fan de pop-upstore
mei de rêch nei it finster
te tekenjen, djip yn in fjild fan papier
hellet se
swarte streken oer swarte streken
Houtskoalbosk. Skimerwâld. Wolf dûkt op
Deiljocht keatst fan it glês – hoefolle prosint
keart daliks nei de sinne werom?

Lês fierder by RIXTLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Adieu Pastoar Leo van Ulden

logo.ensafh

Regelmatech skriëf ik foar ferskillende kranten en tydskriften I.M.’s. Dat is sekuur werk, want ut laatste kanne je mar één kear goëd doën. Faak bliëf ik bij ut skriëven fan dergeleke artikels dicht bij mij self, hoe was myn ferhouding met de persoan, welke persoanleke herinnerings hew ik an de overledene.

Foarege week maandach overleed un bekende Sneker, nee un bekende Fries dy’t al wear jaren in syn geboarteplak Leiden woande. Pastoar Leo van Ulden. ‘Bekende Fries’, un titel dy’t Van Ulden toekomt omdat hij futdaleks na syn prysterweiding in 1967 naar Fryslaan kwam en in dizze provinsy mear was as un pastoar.… Lês fierder

In memoriam Nils Rudolf Århammar (7 augustus 1931 – 10 januari 2022)

logo.ensafh

“Ik drem faan Oomram” waren de laatste woorden die Nils tot zijn vrouw Ritva sprak. Zonder nog wakker te worden is hij de volgende dag, 10 januari, in het ziekenhuis van Niebüll overleden. De cirkel was rond. De Noordfriese taal van het Duitse waddeneiland Amrum was het eerste van de Friese dialecten waaraan Nils zijn gehele leven heeft gewijd.

Nils werd in 1931 geboren in Stora Malm in Södermanland, Zweden als zoon van Rudolf Århammar en Elisabeth Andersson. Aanvankelijk groeide hij op bij zijn ouders op de boerderij in de buurt van Vingåker. Van 1942 tot 1950 bezocht hij het Gymnasium in Örebro, waar hij vanwege de afstand bij zijn strenggelovige tante moest wonen.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Hindrik Hannema

logo.ensafh

De Fryske dichter Hindirk Hannema giet as in spear. Of it no prizen, performances of útjeften binne, se tûmelje oerinoar. Tiid om dit poëtysk fenomeen it trijedielich pak fan it liif te freegjen.

Hindirk, it giet goed mei dyn dichterskarriere, wat hast de lêste tiid allegear wol net wûn of dien?

Ferline jier die ik mei oan in gedichtewedstriid oer de leafde. Myn gedicht ‘Femme de fitness’ hat dy wûn. Ik stie op 3 Poetry Slams; Ljouwert, Utert en it NK Poetry Slam, ek yn Utert. De Ljouwerter Poetry Slam ha ik wûn, op it NK wie ik lêste. Mar dochs sjoch ik ek dat as in grutte oerwinning.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Erf

logo.ensafh

‘Jimme nimme allinne de minne dingen fan my oer’, plichte ús heit, Jan Cornelis (út te sprekken as Jon Knilles) gauris tsjin ús te sizzen, út ’e gek.

Dat wie net sa fansels, want ús heit koe alderferskuorrendst opspatte – him tsjirgje as in wyld en flokke as in turk. Bytiden sa mâl dat ús mem withoehurd oanstowen kaam, yn ’e ferbylding dat er him skriklik yn ’e finger fike of op ’e tomme klost hie: ‘Wat is der oan, ju?’
En dan wie der winliks neat. ‘It wol net sa’t ik wol. It spikerke knoffelet my allegeduerigen út ’e hannen.’… Lês fierder