Kollum Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: Kleure dagen

logo.ensafh

De lege sjampanjeflessen wurde yn de glêsbak smiten, de slingers wer nei souder brocht en de ljochtsjes geane wer út. It waar is griis. Nei in perioade dêr’tst hieltyd langer yn útsliepe koest, moatst wer betiid fan bêd. It opstarten op it wurk begjint.

Dêr’t je earder al gau wer yn it wurkritme sieten en je kollega’s om je hinne hiene om mei-inoar in frisse start fan it jier te meitsjen, inoar oan te wekkerjen en mei-inoar nije plannen te meitsjen, betsjut opstarten foar myn kollega’s en my dit jier neat oars as it iepenklappen fan je laptop, yn datselde hûs dêr ‘t krekt de krystbeam opromme is.… Lês fierder

Teleks: Toanielskriuwkursus: ‘Dyn earste ienakter’

logo.ensafh

Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. Nei it súkses fan ferline jier wurdt dizze kursus op ’e nij oanbean.

As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment?

Yn in kombinaasje fan live en online groepsesjes krijst útlis oan de hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Krijst persoanlik feedback op de ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan de ein fan de kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Dat ha jo soms

logo.ensafh

Der is soms net in soad foar nedich om de steat fan in lân oan te tsjutten. Sa wie der juster yn in kwisprogramma nimmen fan de kandidaten dy’t wist hoefolle oeren in skiep hat. Yn Fryslân soe dat noch wolris justjes slimmer wêze kinne want oft jo dy freegje wat it meartal fan skiep is dan krije jo de aldernuverste antwurden. In greep: “Skyp, skiepkes, skapen, skiepen, skjippen” en al sa mear.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Teleks: ‘The Hill We Climb’ van Amanda Gorman mag eindelijk in Friese vertaling worden gedrukt

logo.ensafh

De Friese vertaling van Amanda Gormans The Hill We Climb wordt binnenkort gedrukt. Er is eindelijk groen licht van haar Amerikaanse agentschap.

Al in september meldde het Friesch Dagblad als eerste dat Gormans spoken word -gedicht The Hill We Climb door schrijver Friduwih Riemersma naar het Fries was vertaald. Gorman had het voorgedragen tijdens de inauguratie van de Amerikaanse president Biden, wat wereldwijd veel indruk maakte.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder