![logo.ensafh](https://www.ensafh.nl/wp-content/uploads/2013/01/ensafh-logo-website.png)
Al fiifentweintich jier gjin Alvestêdetocht en foarearst inkeld wat streken op it iis fan Thialf en de Alvestêdehal. De dichters fan RIXT tochten dat der yn dizze lange-winter-mei-it slot-derop faaks wat streekjes-mei-de-pinne set wurde kinne. Fan 5 jannewaris oant 16 maart pleatse wy dêrom wykliks in WINTERPINNESTREEK op ús webside: kollums mei poëzy, oer poëzy en oare poëtyske saken. Alve dichters dogge mei. Jan Kooistra set hjoed útein en Ineke van der Heide glidet ús heal maart oer de einstreek. Wy winskje jimme in soad lêswille by ús alvesprong.
Lês hjir de earste WINTERPINNESTREEK fan Jan Kooistra: Northern Sky… Lês fierder