![logo.ensafh](https://www.ensafh.nl/wp-content/uploads/2013/01/ensafh-logo-website.png)
Lân fan dize
Winters is myn leafste
ûnder de bisten fan it wâld.
Dat ik foar moarn werom moat,
de moerfoks wit it en laket.
Hoe trilje de wolken! En
op myn sniekraach falt
in laach fan broazelich iis.
Winters is myn leafste
in beam ûnder beammen
en nûget de wansillige krieën
út yn har moaie tûken. Sy wit
dat de wyn, as it skimeret,
har stive, mei ryp besette
jûnsjûpe optilt en my nei hûs jaget.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek
Sjoch hjir foar mear Bachmann-oersettingen fan Klaas van der Hoek… Lês fierder