Blog Hanneke de Jong: Moedfearren

logo.ensafh

Ut en troch hingje se, dy moedfearren fan my. Doe’t ik miende dat ik it nije jier ynstappe soe sûnder de help fan de fysio om’t ik nei alle operaasjes, renovaasjes en frustraasjes safier wie dat dat koe. It koe net. It kin net. Want: corona.

Sûnt corona yn it lân is gean ik noch nei twa adreskes: myn masseur om de lea wat soepel te hâlden en de fysio dy’t my yn ‘e sportskoalle helpt om myn kondysje op peil te krijen, en, ek hiel belangryk, de balâns wer te finen. Want dy wie, doe’t de triedsjes fan de lêste knibbel trochsnien wiene hielendal fuort.… Lês fierder

Teleks: ‘Klútsjes’, it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

‘Klútsjes’, it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, op de webside fan Omrop Fryslân en de spesjale bylage fan de Leeuwarder Courant oer ‘ferbining’.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op dizze webside.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Kreuze 94 online

logo.ensafh

‘Moi lu,

Der is weer n nije oetgoave van t digitoale tiedschrift Kreuze. Ons webstee het diskeer 28 bladzieden mit verhoalen, gedichten, nijs en aander schrieverij in de Grunneger toal.

De biedroagen binnen van Ingeborg Nienhuis, Folkert Sierts, Nane van der Molen, Jan Sleumer, Klaas van Zonneveld, Trijnko Pelgrim, Anna de Vries-Maarhuis, Lineke Mooibroek, Gerhard P.J. Jansema, Nelleke van Vliet, Bert Weggemans, Henk Puister, Kunny Luchtenberg, Jan Huttinga, Eldert Ameling, Coby Poelman-Duisterwinkel, Pim de Noues en Wim Blaauw.’

Joargang 17, nummer 94 van Kreuze staait nou op http://www.kreuzekeuze.nl/.… Lês fierder

Teleks: Heechlearaar Goffe Jensma oer it Oera Linda-boek yn de Thúsakademy

logo.ensafh

 

It Oera Linda-boek is it apartste en tagelyk ek it meast oersette boek út de Fryske literatuer. It fertelt oer it mytysk ferline fan Fryslân. Wat bart der as godstsjinst, wittenskip, skiedskriuwing en Fryslân in literêr meunsterferbân mei inoar oangeane? Dêroer fertelde Goffe Jensma woansdei yn de tredde Thúsakademy.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Poëzyfilmspecial Nyk de Vries by Omrop Fryslân

logo.ensafh

Poëzyfilmspecial Nyk de Vries by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert op twadde krystdei in special út rûnom de poëzyfilms fan Nyk de Vries. It giet om in seleksje fan de films dy’t er earder makke as Dichter fan Fryslân, tegearre mei filmmakker Herman Zeilstra. Ien dêrfan is in krystfilm dy’t ferline jier om krysttiid hinne op Skiermûntseach opnaam waard, mei Sytske Hoogterp en Henk Huizinga yn de haadrollen. De teksten fan de poëzyfilms meitsje ek diel út fan ‘Asman’, de nije bondel fan Nyk de Vries dy’t krekt ferskynd is by De Arbeiderspers. De special wurdt útstjoerd op snein 26 desimber om 18.30 oere en wurdt yn de oeren dêrnei hieltyd werhelle.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Bedraigde soort

logo.ensafh

Albatrossen binne trouwe, monogame feugels, maar de leste jaren skaide se faker. Ik most ok even in de ogen wrive, maar ’t is echt soa. Normaal gong soa’n 1 prosint fan de paren útnander, foornaamlik at ’t niet lukt om nageslacht te krijen. Maar ’t persintazy is bij sommige populasys de ôflopene 15 jaar oplopen tot 8 prosint.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder