Teleks: Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

logo.ensafh

Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen.… Lês fierder

Oersettingen Ingeborg Bachmann: ‘De opskoarte tiid´ en oaren

logo.ensafh

De opskoarte tiid

Der komme rouwer dagen.
De ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.
Aanst moatsto dy de fiters strikke
en de hûnen weromjeie nei de kwelderpleatsen.
Want de yngewanten fan de fisken
binne kâld wurden yn de wyn.
Earmoedich brânt it ljocht fan de lupinen.
Dyn blik lûkt spoaren yn de dize:
de ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

Sjoch hjir foar mear Bachmann-oersettingen fan Klaas van der Hoek… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Húsdòkters

logo.ensafh

Húsdòkters

Húsdòkters binne krekt gewoane minsen, je hewwe se in alle soarten en maten. Dat is in Sneek al nyt anders. Langsamerhaan ferdwine de eenpitters, húsdòkters dy’t nòch un selfstandege praktyk hewwe, dus nyt in maatskap met andere kollega’s.

Per 1 jannewary anstaande houdt dokter Sytse Huismans út Sneek der met op. Syn opfòlging is ondertussen keurech netsjes regeld. Un dòktersechtpaar nimt de praktyk fan Huismans over. In de GrootSneek-krant staat un interview dat ik met ‘Húsmans’ had. Húsdòkters leve nòch altyd in un glazen hús, houwe faak gepaste oustaan.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Teleks: ‘Fertel ris’ siket ferhalen yn Smellingerlân en Opsterlân

logo.ensafh

Foar it projekt Fertel ris reizgje meiwurkers fan de Afûk mei de Karavaan van de vriendschap mei om ferhalen op te heljen. Sterke ferhalen oer eartiids, persoanlike ferhalen oer freonskip, ferhalen dy’t werkenber binne foar de âldere generaasjes. Dy ferhalen wurde brûkt om nij materiaal te meitsjen sa as boeken, foarlêsferhalen of praatkaarten foar aktiviteiten mei âlderein.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk

logo.ensafh

De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen, setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende yn-stellingen fan ’e moarn harrenhantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder