Blog Sigrid Kingma: Ofkicke

logo.ensafh

Ik kin gjin Sinteklaas mear sizze. It wie noch nea sa drok flak foar 5 desimber. Fan de fersykjes foar gedichten oant de media dy’t op it lêste momint dochs noch wat dwaan woenen. Wol maklik dat se myn nûmer ha. Sokke ûnferwachte spontaniteiten fyn ik ek wol wer leuk, en dan is it krekt te leuk om it net te dwaan. Dochs moat ik mar in opfriskursus ‘nee’ sizzen dwaan, want dat giet de lêste tiid net sa goed.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Henk Wolf: Mofke

logo.ensafh

Ferline wike haw ik tasein dat ik hjir wat wurden behannelje sil dy’t net yn de wurdboeken steane. Ik haw in listje fan sokke wurden oanlein en dat is no omtrint fyftich wurden lang.

Ien dêrfan is mofke, en wol foar it tichtnaaide lapke stof dêr’t je je mei waskje. Doe’t ik foar it earst waskhantsje hearde, fûn ik dat mar nuver. Yn it Nederlânsk hiest in washandje, yn it Frysk in mofke. De hele Fryske kant fan ‘e famylje sei dat. Pas frij koart lyn haw ik ûntdutsen dat it net yn de wurdboeken stiet, mar wat omfreegjen learde my dat folle mear minsken it koenen en/of brûkten.… Lês fierder

Kollum Douwe Kootstra: Ambassadeur?

logo.ensafh

Jo soene der moedeleas fan wurde. De wrâld giet nei gichem en de nasjonale polityk set himsels ûnderwylst konsekwint te kyk as folslein ûnmachtich en dat sil troch de nij-âlde liberaalrjochtse regearing de kommende jierren amper feroarje. Underwylst soe de ‘gewoane’ boarger – grut yn tal! – dy’t sa stadichoan dochs op ‘e hichte wêze moat fan wat de neiteam oan rampen te wachtsjen stiet, wól wat dwaan kinne. En, lykas altyd, oan my leit it net. Ik doch myn bêst. Yt bio-produkten en minder fleis, reizgje safolle mooglik mei de trein, flean amper mear, stim gjin VVD of CDA en ha in pear hektare greidegrûn kocht as lid fan de suksesfolle boargerkoöperaasje Land van Ons.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De museummoarn – resinsje

logo.ensafh

Der komt net sa’n moai Sinteklazegedicht fan myn hân. Neffens Grapperhaus is dat eins al ferplichte mar ik hie dat net oan tiid want ik moast in boek lêze. Dêr hie ik eins twa dagen foar útlutsen mar doe’t ik om in oere as acht op ‘e klok seach tocht ik dat ik it ek daliks wol útlêze koe.

Mei ‘De museummoard’ hat Ferdinand de Jong wer in prachtich stik wurk ôflevere. It lêst dus as in trein. De struktuer is net hiel yngewikkeld, wol wurde jo wat yn de tiid hinne en wer smiten. Oan alles is te fernimmen dat it yn dizze tiid skreaun is, âldfrinzich taalgebrûk sit der net yn, de maatskippijkrityk dy’t der trochhinne skimeret is hiel werkenber (en moat ik smaaklik om laitsje).… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Covid en zo

logo.ensafh

Inderdaad, dit is geen blij stukje over een boek op komst, maar over ziek zijn. Ergens op 17 november liet ik me testen en het resultaat kwam niet onverwacht, ik was positief. Mijn contacten beperkten zich tot de sportschool en een masseur, die hun best deden mij weer in vorm te krijgen na de renovatie van de afgelopen jaren. Het was spannend om af te wachten wat het, vaak onbetrouwbare, lijf deed. Na bijna een week kreeg ik pufjes, twee dagen later ging het snel slechter en de huisarts stuurde me meteen door naar het ziekenhuis in Leeuwarden. Manlief, inmiddels ook positief, zette me af en vertrok weer.… Lês fierder

Blog Huub Mous: Cultuurbarbaren in Leeuwarden

logo.ensafh

Op een meer dan manshoog cilindervormig basement verheft zich een constructie van metalen vormen, die -aan elkaar gelast of gehaakt en ogenschijnlijk in wankel evenwicht – zich als een grillig lijnenspel afgekeken tegen ed lucht. Auke de Vies maakte het in 1992 in opdracht van de CHN ( tegenwoordig NHL Stenden) , die nieuwbouw pleegde in Leeuwarden.

Ik weet het nog goed want ik was in 1992 – naast het SKOR (de Stichting Kunst in de de Openbare Ruimte) – als provinciaal adviseur betrokken bij de totstandkoming van dit kunstwerk. Vooraf hebben we moeten praten als Brugman om het zover te krijgen.… Lês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: De rûzing fan ‘e see

logo.ensafh

Us moaie see is no in begraafplak wurden. Sa fette in dame út Calais it tryste berjocht oer migranten dy ‘t op it Kanaal ferdronken, poëtysk gear. It is net de earste kear dat de seestrjitte slachtoffers easket en krijt. It is wol de earste kear dat der in ynternasjonaal spoedoerlis op folget en maatregels ynsteld wurde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder