Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXVIII

logo.ensafh

De krante as finster op de wrâld – it is in klisjee dêr’t hjoeddedei de wierheid troch de ekspânsje fan ynternet en sosjale media hieltyd betrekliker fan wurdt. Mar de krante hjirboppe, mear as hûndert jier âld, is yndied noch in soarte fan finster op in lyts stikje wrâld. Der sitte twa iepeningen yn de krante en de boppeste biedt sicht op wat der achter de krante liket te wêzen. Dy iepeningen binne net regelmjittich rjochthoekich, mar hawwe flarderige rânen fan flanters papier dy’t fragmintsjes tekst fan de kearside fan de krante toane, as hat ien der mei de fûst twa gatten yn batst.… Lês fierder

Blog Abe de Vries: ‘De Gysbert’? Tiid foar in oare priis

logo.ensafh

Ik lês in stikje yn ’e Ljouwerter dêr’t de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2021 yn oan it wurd komt. Wat seit de foarsitter? Oer de yllegale bekroaning fan tritich op in webside en yn kranten publisearre gedichten: ,,Wy fine dat gjin probleem.”

De prizeferoardering fan de Provinsje Fryslân, fêststeld yn 2015, seit it oars. ‘Gysbert Japicxprijs: tweejaarlijkse prijs voor alle literatuurgenres in het Fries, zowel voor één werk als voor het gehele werk van een auteur (..).’

Wy sjogge, mei permisje, dus wol in probleem. Tritich losse, ferspraat publisearre gedichten binne net ‘één werk’. Dat se allegear ‘yn funksje’ troch in ‘Dichter fan Fryslân’ skreaun binne, makket se net ta ‘één werk’.… Lês fierder

Teleks: ‘Unwis’ – Lêste poëzijfideo Dichter fan Fryslân 2019 – 2021 yn premjêre

logo.ensafh

Juster gie op Omrop Fryslân TV de lêste fan in seary fan sân poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Dizze lêste poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra binne sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme. Geandewei dit jier waarden der meardere poëzijfideo’s útstjoerd fia Omrop Fryslân TV.

Lês en sjoch fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

WEROMBLIK: dit wiene eardere winners fan de Gysbert Japicxpriis

logo.ensafh

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de priis om it jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. De priis waard oant 2001 om de trije jier útrikt. Sneon giet de priis nei Eeltsje Hettinga. Foar Weromblik dûkten wy yn it Omrop-argyf syn foargongers op.

Sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder