WEROMBLIK: dit wiene eardere winners fan de Gysbert Japicxpriis

logo.ensafh

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de priis om it jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. De priis waard oant 2001 om de trije jier útrikt. Sneon giet de priis nei Eeltsje Hettinga. Foar Weromblik dûkten wy yn it Omrop-argyf syn foargongers op.

Sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: 15e edysje ‘Jou in bern in boek’ yn Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Jierliks krije alle bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan harren gemeente en de Biblioteek Noard Fryslân. Dit jier is it de 15e edysje fan Jou in bern in boek. Op 5 novimber rikte wethâlder Fedde Breeuwsma it earste boek út yn Hallum.

Al 15 jier omtinken foar Frysk lêzen en skriuwen
Dit jier krije alle bern fan groep 5 (sa’n 530) it boek Hero kado. It boek is skreaun troch Martha Attema en útjûn troch de Afûk. It boek is twatalich: Frysk en Ingelsk. Wethâlder Fedde Breeuwsma oerhandige it earste eksimplaar oan de haadpersoanen fan it boek, Izaak en Gabe.… Lês fierder

Teleks: Arcadia, it Frysk de bosk ynstjoerd

logo.ensafh

Wat is dyn paradys? Dyn dreammaatskippij? Yn Arcadia sykje wy mei (ynternasjonale) keunstners om it antwurd. Hûndert dagen lang litte kreative tinkers en tûke dwaners sjen hoe’t de wrâld draait mei ynstallaasjes, tentoanstellingen, petearen en optredens.

Sa begjint de iepeningsside fan it nije kulturele projekt Arcadia, dat takomme jier fan 7 maaie oant 14 augustus yn Fryslân holden wurdt. It is in fuortsetting fan Ljouwert 2018–2028. Hûndert dagen in programma mei wiswier nijsgjirrige keunstmanifestaasjes. Sa sille yn it projekt ‘Bosk’ 1500 beammen troch Ljouwert kuierje en yn ‘Paradys’ wurde der yn Oranjewâld tentoanstellingen hâlden om it parklânskip hinne.

Lês fierder by Pier Bergsma op It Nijs… Lês fierder

Teleks: Kursus libbensferhalen skriuwen 2022

logo.ensafh

Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 12 jannewaris 2022 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.

It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen.… Lês fierder