Kollum Joana Duarte: De frisistyk (II)

logo.ensafh

Binne frisisten altyd memmetaalsprekkers? Moatte frisisten perfoarst Fryske taal- en letterkunde studearre hawwe? Sokke fragen stelde ik ferline wike yn myn kollum. Ik realisearre my dat ik gjin goed antwurd op dizze fragen jaan koe, en besleat de kwestje neier te ûndersykjen. Net heech wittenskiplik, mar út nijsgjirrigens wei én yn it ramt fan dizze kollum.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 05-11-21 en 07-11-21: Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing yn Ljouwert en Harns

logo.ensafh

Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing yn Ljouwert en Harns

Fan ’t simmer hawwe de Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar yn Aarhus west op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange om mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Carsten René Nielsen en Mads Mygind de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Hispel) te presintearjen.
Fan ’t hjerst binne de Denen oan bar om Fryslân oan te dwaan en sa harren poëzy klinke te litten yn sawol Ljouwert as Harns. Op 5 novimber om 20:30 oere steane de Deenske en Fryske dichters op it poadium yn de Westerkas yn Ljouwert.… Lês fierder

Teleks: Rôze blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’ presintearre

logo.ensafh

Op Rôze Sneon (16 oktober) is de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’ by Tresoar presintearre. De twatalige bondel mei tal fan poëzy- en proazafragminten mei LHBTY+-tematyk waard oanbean oan Rainbow warrior Sipke Jan Bousema, dy’t him bot ynset foar Fryslân as reinbôgeprovinsje. Jelle Krol hâlde by de oanbieding in ferhaal. Hy foarme mei Janneke Spoelstra, Doeke Sijens, Jantsje Post en Tsjerk Veenstra de redaksje fan de bondel.

Jelle Krol fertelde in persoanlik ferhaal. In pear stikken dêrút:

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2022

logo.ensafh

De boeken Silke & Miss Dee (útjouwerij Afûk 2020) skreaun troch Baukje Wytsma fan Reduzum en De bruorren Liuwehert (Utjouwerij Regaad 2019) fan Astrid Lindgren, oerset troch Rymke Zijlstra fan Oentsjerk, binne foardroegen foar de IBBY Honour List 2022.

Dy earelist fan de IBBY (International Board on Books for Young People) is in ynternasjonale, twajierlikse seleksje fan resint publisearre boeken fan hiel hege kwaliteit, ta eare fan skriuwers, yllustratoaren en oersetters út de lannen dy’t by de IBBY oansletten binne. De list jout in ynsjoch yn it bêste wat elk lân te bieden hat oan berne- en jeugdliteratuer. IBBY-Nederlân draacht sawol Frysktalige as Nederlânsktalige skriuwers en oersetters foar de Honour List foar.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Stjerre

logo.ensafh

“Hja is noch hieltyd by my. Dat hat se my ek tasein, doe’t se al slim siik wie — dat se altyd by my bliuwt. Ik besjuch it sa, Jaap … As wy no nei de stjerrehimel sjugge, sa komme net allinnich de enerzjyweagen fan stjerren op ús ta dy’t der jitte binne, mar ek dy’t al lang lyn útdôve binne. En myn Maria Luiza is sa’n stjer — hja is der faaks net mear, mar har gloede sil al myn libbensdagen by my bliuwe.”

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Aginda 19-11-21: Taalkundedei 2021

logo.ensafh

Taalkundedei 2021

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne. De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presentaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle Westgermaanske talen. Fanwege de ‘Myn :taal’- moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom.… Lês fierder