Teleks: Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie festival op 14 oktober

logo.ensafh

Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie festival op 14 oktober

Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal optrede op ien fan de eveneminten fan it Transpoesie poëzijfestival yn Brussel. Hy sil tegearre mei fiif oare dichters út hiel Europa – Being Bergsson fan de Faroe Eilannen, Kārlis Vērdiņš út Litouwen, Rita Kogan út Israel, Ondřej Macl út Tsjechië en Radu Bata út Roemenië – it poadium fan de biblioteek Muntpunt op gean. Neist foarlêze út har eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. It evenemint sil opnaam wurde en letter werom te sjen wêzen.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Mear, mar minder hie better west

logo.ensafh

Alle dagen weroan, sneins útsûndere, falt moarns ier en betiid de Ljouwerter Krante op ’e matte. Somtiden wurde we der wekker fan. Lêzen komme we net folle earder oan ta as om kofjetiid hinne. No ja, dan blêdzje we der trochhinne. De kranten troch de wike ha sa’n 40 a 48 siden, freeds en sneons giet it om 80 en 88 siden. Dy ha jo net samar lêzen. As ik optel hoefolle bledsiden krante oft we yn ien wike krije, dan kom ik gau op sa’n 350 siden, dêr’t sa’n 60 advertinsjesiden fan binne, Gean der mar oanstean. En oft dat net genôch is, sit dêr sûnt koart noch in tydskrift foar yn it wykein by: Meer, hjit dat.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Wat in moai sieraad!

logo.ensafh

De walrus is wer ôfreizge. It moat in skrander bist wêze. Hy sil sjoen hawwe dat er yn in lân bedarre wie dêr’t se tonnen en tonnen spandearre hiene oan útlânske keunst wylst se de eigen keunstners net stean sjen woene. En út klearebare geastlike earmoed no oergien binne op healsliten objekten fan bûtenlanners.

In lân ek dêr’t (semy-)oerheidsmeiwurkers de rykstalen net hoege te behearskjen. Sa’n lân wie de walrus noch net earder tsjinkommen en ik tink earlik sein dat him dat op xyn fierdere reis ek net nochris oerkomme sil.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Ferhaal Koos Tiemersma: Fragmintaasjeko

logo.ensafh

Fragmintaasjeko

Ynienen sjoch ik har lizzen: in ko. Skamteleas leit se yn ’e berm, kroandea. By boer Tykstra falt der, lykas by al syn kollega’s, geregeldwei in koke om.

No wenje wy yn Nederlân, dat ek de soarch foar de ferstoarne bisten is optimalisearre oant op in begrutlik nivo. De lêste tiid hat de effinsjensy taslein by de kadaverhannel. Achter in buro wei hat in nust managers ornearre dat deade bisten tenei net mear fan it hiem ophelle wurde, mar by de wei lizze moatte sadat de sjauffeurs net mear oeren besteld binne mei it manûvrearjen tusken popels, homeiepeallen en pikehokken.… Lês fierder