Teleks: Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga

logo.ensafh

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten.

De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die by al syn bondels. (…) Dat makket ‘Dichter fan Fryslân’ ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat.’

De advyskommisje fan dit jier bestiet út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde. Hja ha wurk beoardiele dat publisearre is yn de perioade 2017 oant en mei 2020.… Lês fierder

Teleks: Skriuw dy yn foar de Skriuwersfakskoalle

logo.ensafh

Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de krekte wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op tiisdeitejûn 12 oktober is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdeitejûn 3 novimber sette dêr de lessen útein.

De begjinner komt yn it blok Skriuwtechniken yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, leart om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken.

De al publisearjende skriuwer krijt yn it blok Redigearjen mear ynsjoch oer it op ’e nij skriuwen, oer de kânsen dy’t de tekst noch jout, oer it riker meitsjen fan de wurdskat.… Lês fierder

Aginda 27-11-21: Fedde Schurerlêzing 2021 “Kneppelfreed 70 jier”

logo.ensafh

Saterdei 27 novimber, De Koperen Tuin te Ljouwert, 14.30 – 17.00 oere.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Ferline jier koe de Fedde Schurerlêzing net hâlden wurde fanwege Covid. Sa as it no liket, sil it dizze hjerst slagje. Wy hawwe trije sprekkers: Sigrid Hemels, heechlearaar fan de Erasmus universiteit, Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar en skriuwer en sjoernalist Abe de Vries.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: As in lús op in tarre presinning

logo.ensafh

Dy útdrukking komt my de lêste wiken gauris yn ’t sin as ik op de telefyzje sjoch hoe’t it yn it Haachske om en ta giet. Foar wa’t de útdrukking net bekend foarkomt: ‘Eine as in lús op in tarre presinning’ betsjut dat dingen foar gjin meter opsjitte. Ik sil de útdrukking noch efkes fierder útlizze. In presinning is in soarte fan seildoek dat de skippers eartiids oer de lûken lutsen om it sa binnenyn in bytsje drûch te hâlden. Dy presinning allinne wie net genôch. Troch dat doek te tarjen, rekken de gatsjes ticht en waard it doel fan de skipper om de boel drûch te hâlden wol aardich berikt.… Lês fierder

Teleks: Rigel fan RIXT

logo.ensafh

Hjoed is it de 134ste bertedei fan de dichteres Rixt (Grou, 27 septimber 1887). By gelegenheid dêrfan hawwe wy in oprop ûnder ús dielnimmende dichters dien om in gedicht te skriuwen nei oanlieding fan de folgjende rigel fan Rixt:

de hiele wrâld draach ik op ien fingers-ein

De rigel komt út it gedicht ‘Yn ’t lêstoan’ út har bondel De Gouden Rider (s. 51).

Hjir folgje de ynstjoerings:

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder