Blog Koos Tiemersma: Fan in reager en in rôt

logo.ensafh

De kommende moannen sil op dizze side alle sneinen in ferhaaltsje publiseard wurde. Foar by de kofje, sis mar.

Yn ’e regel moat ik tsien kear sjen om fêst te stellen oft in reager echt is, of sa’n eksimplaar datst by de boumerk keapje kinst. Ditkear kostet it minder muoite. Plestik reagers ha net de gewoante en sit yn in sleatswâl ûnder Jorwert mei in farsk fongen rôt yn ’e bek.

Syn ried tenein raast it bistke it út op dat foar elk sa beskiedend momint, op de grins tusken libben en dea, yn de wittenskip dat ûntkomme net mear mooglik is.… Lês fierder

Hoe alleen was die Remi nou helemaal, denk ik een beetje wrokkig. Hij had nog honden en een aap

logo.ensafh

Binnen het uur een teleurstelling en een droom die uitkomt. Zo begint de dag in De Rode Loper. De teleurstelling is groot bij een mevrouw die hoopvol de grote stapel met boekjes van Monument van de maand doorzoekt. Ze heeft nog één exemplaar nodig om haar collectie compleet te maken. Maar helaas zit het boekje over Appelscha er niet tussen. Anders is het met de mevrouw die een bepaald boek over merklappen en borduren wil hebben en er vannacht van gedroomd heeft dat ze het in de Rode Loper zal vinden. Het staat ook nog op de plank hobbyboeken. Ik zit hier om dromen uit te laten komen, zeg ik als ze het boek gaat afrekenen.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Elk syn eigen gelyk

logo.ensafh

Begjin augustus dit jier kocht ik yn de nijste kringloopwinkel fan ús doarp (wy ha der no fjouwer, leau ik…) in pear boeken, wêrûnder foar trije euro in pikant yllustrearre ferzje fan Tûzen En Ien Nacht en foar minder as in daalder Het Mussolinikanaal fan Antonio Pennacchi, in my ûnbekende skriuwer. Pas twa dagen lyn kaam ik der oan ta om mei dat lêste boek te begjinnen. Ik wie fuortdaliks ferkocht, dit wie net samar in skriuwer. Niis lies ik dat er foar dit boek de wichtichste Italiaanske literêre priis krigen hat, dat er mear as tweintich jier arbeider wie yn in kabelfabryk en dat er earst in fassist wie mar letter in oertsjûge kommunist waard.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Sa sâlt ha ‘k it nea fretten

logo.ensafh

“Als het ultieme Waddenwoord is gekozen … zilt! Dat werd zojuist bekendgemaakt door Arno Brok, commissaris van de Koning van de provincie Fryslân en voorzitter van het bestuur van het Genootschap Onze Taal.
Zilt werd op de voet gevolgd door búttendyks (‘buitendijks’, een woord dat vele schijfwijzen kent). De andere woorden die meedongen naar de titel waren kwelder, slenk en wadlopen.”

No bin ik wol sa yn ‘t sâlt bebiten dat it my neat gjin nij mear docht dat in Hollânsk wurd ta ‘het ultieme Waddenwoord’ keazen is. En — earlik is earlik — it Frysk makket him der ek mei in slinger en in slach fan ôf mei syn ‘sâltich’.… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Trekfûgels

logo.ensafh

Krekt as by fûgels sit it reizgjen by in part fan myn famylje yn de genen. Foar guon fan ús is it miskien in foarm fan ûnrêst, foar in pear oaren faaks in soarte fan nijsgjirrigens en foar in inkeling mooglik nocht oan wat aventoer yn it deistich libben. Yn alle gefallen witte de betûftste reizgers yn ús famylje dat it echte reizgjen neat te meitsjen hat mei de koartste en fluchste ferbining tusken twa doelen. De frijheid fan reizgjen is no krekt, as it sa útkomt, om mei de hannen frij fan it paad ôf te wiken.

Lês fierder by It NijsLês fierder