Kollum Henk van der Veer: Der binne grênzen, ok foar stúpide corona demonstranten

logo.ensafh

Foarege week betrapte ik mij der self op dat ut bloëd mij naar de wangen flooch en dat ik lúdop sat te floeken. Echt hè, nyt wat binnenmoans, mar un knetterende floek. Hartstikke kwaad. Allinech foar ut skerm fan myn pee see. At ik écht kwaad bin, dan ferbalisear ik suks in de taal fan myn hart. Ut Snekers komt mij dan fanút de toanen. Dan is der gyn ferstòppertsje speulen mear bij.

Dan is myn taal rau as dat fan de straat. Ut is oprechte kwaadheid en ik nim gyn enkel blad foar de moan. Ut is ok un bitsje machteloasheid at ik su begin te tieren en te floeken.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De bedoarne westerling

logo.ensafh

Doe’t aids opkaam wie der in moai grut part fan it folk dat har wiismeitsje litten hie dat dat sa besmetlik wie dat jo der al mei oanhelle wurde koene troch immen dy’t it hie in hân te jaan. It hat nochal in hiel o heden west om it folk soks wer út ‘e holle te krijen.

Jo soene tinke dat dat slagge is. Mei aids. Mar no ha wy wat nijs en is it safier dat jo al benaud foar immen wêze moatte dy’t net faksinearre is. Ut ûndersyk (!) hat bliken dien dat 46% fan de befolking leaver gjin kontakt hat mei net-faksinearren.… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Moarnsfûgel

logo.ensafh

Doe’t wy yn Nijhoarne te wenjen kamen, wie ik fan de earste dei ôf al fan doel om moarns ier en betiid derút om in ein troch de bosken en oer de bergen te rinnen. No ja, Kiekenbergen, in pear turven heech, mar foar my lykwols in col fan de earste kategory. Mar hoe giet soks? Ik siet noch fêstbakt yn in patroan fan putsjes en pibaboartsjen mei myn pakesizzers. As men mei pensjoen is, kin men net samar fan ’e iene dei op ’e oare libje, likemin as om alle tiisdeitemiddeis spontaanwei doelleas in ein om te fytsen. Soks kin pas as men mei goed fatsoen de put der echt út hat en it ferstân sa’n bytsje op nul komt te stean.… Lês fierder

The Skinny: Poetic Forms

logo.ensafh

Poetic Form Fridays are made to share various poetic forms. This week, we look at the skinny, a form created by Truth Thomas.

This week’s poetic form is named “the skinny,” and I’m not sure how I even originally came across this form (it was literally scratched on a Post It note as a possible form). From what I can discern, the skinny was created by Truth Thomas in a Tony Medina poetry workshop at Howard University. And after trying it out, I can say that it’s fun and challenging.

Here are the guidelines for the skinny:

Lê fierder by Writer’s DigestLês fierder

Blog Cornelis van der Wal: ‘Diversiteit’ as literêr kriterium?

logo.ensafh

Okkerdeis kaam City of Literature Ljouwert mei in ferhalewedstryd foar it projekt ‘Utsteld Lok’. No, dat like my yn earste ynstânsje wol wat. Fansels ek om’t jo der € 700,00 foar krije kinne. Dat kinne wy wol brûke yn dizze aparte tiden, no. Ek wol in moaie namme, Utsteld Lok.

Ik lies lykwols efkes fierder yn de regeleminten, en seach dit stean: Basearre op kwaliteit, orizjinaliteit en ferskaat wurdt in seleksje makke fan likernôch 35 ferhalen út alle ynstjoeringen. Dus de ferhalen wurde ek op ferskaat beoardiele. Diversiteit is dat yn it Hollânsk.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder