Kollum Joana Duarte: fakânsje fan de fakânsje

logo.ensafh

Ferline wike fertelde ik jim hoe’t myn soan en ik op fakânsje yn Tailân mei in boattocht nei de Koh Phi Phi-eilannen de froulike helte fan in 33 koppen tellende Saûdyske húshâlding rêde moasten. Wy soene snorkelje, yn ‘e buert fan Monkey Island. De 33 froulju, manlju en bern wiene mei bûrka’s, hijabs, swimbannen en al it wetter yn gien.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Relypriis 2021 foar 3 ferhalen en 3 fersen

logo.ensafh

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand. Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureooltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en it waad fan Sytse Jansma fan Harns.… Lês fierder

Teleks: Boek- en kaartewinkel Het-Vergeet-Mij-Nietje yn Feanwâlden giet ticht

logo.ensafh

De slachter, de kapper, en no aansen ferdwynt ek boekhannel ‘Het Vergeet-Mij-Nietje’ út it sintrum fan Feanwâlden. “It wie wol tiid” sizze eigeners Jan en Griet Dantuma.

Jan tinkt dat der miskien wol twa miljoen briefkaarten en 60.000 boeken opslein lizze yn de winkel en opslach oan de Haadwei 20. De winkel yn Feanwâlden is in wier walhalla foar wa’t siket nei âlde kaarten of antike boeken yn alle soarten en maten. Nei hast 25 jier is tiisdei it ferkeapboerd op de gevel plakt. Foar Jan en Griet Dantuma is it gjin dreech beslút: “Jo sitte der altyd oan fêst.”

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Olivier van Renswoude: Tolkien, Denemarken en de Engelfriese wereld

logo.ensafh

De Denen, vanuit hun bakermat in Zuid-Zweden, veroverden tegen het einde van de oudheid een aanzienlijk deel van de Engelfriese wereld dat sindsdien Denemarken heet. Zo was de mening van de welbekende Engelse schrijver en hoogleraar Oudengels J.R.R. Tolkien.

Wij stuiten in dit geschil, en in de legenden eromheen, op iets zeer ouds in het hart van de vergeten geschiedenis van het Germaanse Noorden in heidense tijden. Alle behalve de laatste hoofdstukken zijn al vaag en ver weg in de vroegste Oudengelse overleveringen. In de Noordse vertelling is de hele zaak verward en verdraaid door de overname en ‘verdeensing’ van overleveringen die van oorsprong niet Deens (noch Scandinavisch?)… Lês fierder

Blog Henk van der Veer: Strater & skriëver

logo.ensafh

Toen ik nòch kyn was, wist ik wel wat ik wurde wú: Strater! Ik kon skoften siën hoe’t straatmakers hun werk deden en dat de mannen (ik hew noait frouleke straatmakers metmaakt)letterlek an ut end fan de dach ut resultaat fan hun gebealech anskouwe konden. Ut leek mij wel wat, straatmaker wurde.

Mar skriëve fon ik ok moai om te doën, de skriften út myn lagere skoaltiid koester ik nòch altyd. Wònderlek fon ik dat, dat je met tekens/letters un ferhaal fastêge kon.
Ut ferhaal dat ik naar de School voor Journalistiek wú, is bekend. Ut wurdde um nyt en de PA wurdde myn foarlaan met as gefòlch dat ik 37 jaar myn broad & belech as skoalmeester ferdiende.… Lês fierder

Aginda 26-07-21: Presintaasje Bûsboekje 2022

logo.ensafh

Bûsboekje edysje 2022 komt deroan! Elkenien wurdt hertlik útnûge foar de jierlikse presintaasje. Dy is op moandei 26 july, fan 16.30 oant 18.00 oere yn It Frijlân, Boksumerdyk 5-a, krekt bûten Ljouwert en njonken de Dairy Campus.

It earste eksimplaar fan Bûsboekje 2022 sil oerlange wurde oan sjoernaliste Jantien de Boer, bekend fan har reportaazje oer lânskipspine. Der is ek gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei It Frijlân en De Oerfloed. Yn ferbân mei de kofje/tee heart de organisaasje graach foarôf wa’t derby wêze wol. Dat kin troch in e-mailtsje te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.… Lês fierder