Kollum Willem Schoorstra: Wij worden geregeerd door klungels

logo.ensafh

It mei opfallend hjitte dat de faak as steatsomrop en links bolwurk omskreaune NPO sa’n protte omtinken hat foar saneamde tsjinlûden. Het Alternatief, Danny’s Wereld, De Outsiders en no ek Filemon en de complotten. De lêste yn dat rychje giet dus spesifyk oer komplottinkers. It sjoernalistike dilemma dat him oantsjinnet by soks is ivich itselde: oan de iene kant moat der ferslach dien wurde fan ûnderstreamen yn de maatskippij, oan de oare kant is it de fraach oft je in poadium biede moatte foar komplottinkers om foar de kamera’s leech te rinnen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dizze 6 skriuwers sitte dit jier yn de Skriuwersarke

logo.ensafh

Seis skriuwers sille ek dit jier wer in tal wiken tahâlde yn de Skriuwersarke, de eardere arke fan Rink van der Velde, by De Feanhoop. It giet om Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harmen Bloemhof en Youvan Bergsma. Se stelle har koart foar om’t it troch koroana dit jier wer net (likemin as yn 2020) mooglik is om de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje op De Feanhoop.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Kollum Aant Mulder: Ynsette op it eigen gea

logo.ensafh

Ik fyn it wol moai dat we net folle oars kinne as ynsette op it eigen gea. Dat we net oars kinne, hat fansels alles te krijen mei koroana. Der wurdt likefolle as oars en faaks noch wol mear praat oer fakânsjes. De ynhâld fan de petearen is diskear oars en dat wie ferline jier eins ek al sa. It giet der no oer oft men wol in reis boeke kin. Oft men wol reizen nei fiere lannen meitsje kin, nei lannen oan de Middellânske See of by need nei lannen oare kant de grins. Guon beslute daliks en gean mar net.… Lês fierder

Hoe modern was de jambe?

logo.ensafh

Zoals alle geschiedenis wordt ook de literatuurgeschiedenis graag opgevat als een serie periodes: eerst deden de dichters dit, toen stond er een nieuwe generatie op en die zette zich af tegen dit en deed daarom dat, totdat er weer een nieuwe generatie angry young men kwam met zus, een generatie later gevolgd door zo.

Eric Weiskott is een Amerikaanse letterkundige die zich bij die simplificatie niet wil neerleggen.

Lês fierder by Marc van Oostendorp op NeerlandistiekLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXVI

logo.ensafh

‘Groeten Uit | Menaldum’ (r.b.), ±1904–1905. Kleurelitografy, blyndruk, heechdruk, 91×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer, searje 722, nû. 3526. Poststimpels Menaam 04-08-1906 en Dronryp 04-08-1906. Ferstjoerd oan Arjen de Jong, Dronryp, troch Willem de Jong en Trijntje de Boer.

‘Sjoch ik in bliere faam, / ik ryd der net mei feart bylâns / as ’t feintsje fan Menaam, / mar ’k gryp myn goede kâns’, skreau Fedde Schurer yn syn bekende liet oer in Menamer feintsje. Schurer makke dy meisjonger op de meldij fan in Dútsk folkslietsje foar it brulloftsfeest fan Ype Poortinga en syn breid Rinske Wiersma, dy’t yn Menaam wennen.… Lês fierder

Teleks: Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

logo.ensafh

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.
In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) hawwe út seis opjeften de dichter Cornelis van der Wal keazen mei syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’.… Lês fierder

Teleks: Ferfolch Kulturele Haadstêd 2018 mei 100 dagen Arcadia

logo.ensafh

De organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 (de Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018) bringt yn 2022 de earste edysje fan de triënnale Arcadia. Dat ferfolch op LF2018 bestiet út in 100 dagen duorjend kultureel programma, dêr’t de organisaasje omtinken mei freget foar de takomst fan mienskip, lânskip en erfgoed. Arcadia 2022 duorret fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022.

Lês fierder by It NijsLês fierder