Kollum Aant Mulder: It hat wol eigenskip

logo.ensafh

Sûnt de stavering fan 2015 sit ik tangele mei guon eigenskipswurden. Ik mis foarmen dy’t foarhinne gongber wiene en no net mear yn de foarkarswurdlist neamd wurde. Ik tink oan wurden lykas -tin- en ‑tinner- en it net mear neamde -tinder-. of -mâl-, -mâler- en dus it net mear neamde -mâlder-. Op himsels is dat net slim, mar it falt my op dat dy foarmen yn de praktyk net allinne hieltyd faker, mar ek hieltyd faker ferkeard brûkt wurde. Der binne dus hieltyd mear sprekkers dy’t dy foarmen gewoan fine. It falt my op dat soks net allinne foar it Frysk, mar ek foar it Hollânsk jildt.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It goud fan Wiuwert werom nei Fryslân

logo.ensafh

In programma as Roofkunst fan de NPO wjerspegelet de tiidgeast. Yn dy útstjoeringen lit presintator Erik Dijkstra sjen hoe’t der redenearre en harsenskrabbe wurdt oer it wol of net weromjaan fan westerske museumskatten oan de lannen fan komôf. Op himsels liket dy fraach maklik te beäntwurdzjen, yn ‘e praktyk blykt dat in stik lestiger te wêzen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Spontane sokken

logo.ensafh

Der binne op’t heden aardich wat feestlikheden om swier oerbetelle spultsjedoggers hinne. En dan kinne jo as opperfeesbeest Buma fansels net efter bliuwe dat dan stjoere jo wat wjukkelmasines de loft yn. As minsken dat dan alderprachtichst fine dan is it bistje der ynienen wat sneu ûnder. Neffens my ûntbrekt it sokke dieren oan elke foarm fan minskekennis. Faaks is dat bisten eigen al ken ik aardich wat hûnen dy’t aardich mear ynsjoch yn situaasjes hawwe.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Blog Olivier van Renswoude : De een zoals de ander

logo.ensafh

In het Fries is de dalende tweeklank /i.ə/, gespeld als ie, vaak versprongen naar een stijgende tweeklank /jɪ/, gespeld als ie of ji. Zo is van stien ‘steen’ het meervoud stiennen, spreek uit /stjɪnən/.

Andere Germaanse verwanten
Klankwettig zou *h2eimh1– zich in het Oudgermaans hebben ontwikkeld tot *aim– en dat is heel belangwekkend. In die taal bestond namelijk de anders onverklaarde naam *Aimō als kennelijke voorloper van Oudhoogduits Aimo, Gronings Aime en Fries Ieme en Jimme (zie kader).

Lês fierder by TaaldachtLês fierder