Teleks: Syds Wiersma skriuwt gedicht foar Smokkelbern 75+1 jier letter

logo.ensafh

Tsientallen Joadske bern dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân ûnderdûkt wienen, binne dizze snein yn in telefyzjeútstjoering fan Omrop Fryslân (online) byinoar brocht yn it ramt fan 75+1 jier frijheid.

Sjoch it folsleine programma fan Omrop Fryslân werom, of harkje hjirûnder nei Syds Wiersma syn gedicht, foardroegen troch de 9-jierrige Fedde út Kollumersweach.

Boarne: RIXTLês fierder

Teleks: Radio Moanneljocht fan Tryater te belústerjen by Omrop Fryslân

logo.ensafh

Tsien skriuwers lieten harren ynspirearje troch it tema fan de Tryater-foarstelling Nacht

It lêste jier binne we in soad thús en sliepe we minder.
Soms fielt it oft we yn in einleaze nacht belâne binne.

Tryater en Omrop Fryslân wurkje gear yn Radio Moanneljocht. Yn it ramt fan Tryater Rûnom – programma om foarstellingen hinne – drage skriuwers eigen wurk foar dat fan 3 oant en mei 12 maaie alle nachten nei it nijs fan 24.00 oere te belústerjen is op Omrop Fryslân Radio. Yn tsien koarte ôfleveringen litte de skriuwers harren eigen skreaune teksten hearre om ús yn it moanneljocht te setten.… Lês fierder

Teleks: Skriuwersarke 2021

logo.ensafh

Skriuwersarke 2021

Fanwege de koroana is it dit jier likemin as yn 2020 mooglik de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje op De Feanhoop. De skriuwers fan dit seizoen stelle har hjirûnder yn it koart foar. NB: Yn de wike fan 24 oant 31 july is de arke it ‘skriuwplak’ fan it dichterskollektyf RIXT.

Lês en sjoch fierder by Stifting FLMDLês fierder

Blog Huub Mous: Een schandaal in Leeuwarden

logo.ensafh

Ooit kreeg ik van Dolph Kessler een bijzondere video van een historische gebeurtenis. Bovenstaande foto’s zijn stills uit die video. Om uit te leggen waar het over gaat, is even een aanloop nodig. Een van de meest roemrijke episoden in de naoorlogse geschiedenis van Friesland waren de jaren dat Johanneke Liemburg gedeputeerde was van cultuur (1987-1994). Meteen na haar aantreden lanceerde Liemburg het plan voor een nieuw museum voor moderne kunst in de notitie ‘Skets foar in nij museumbelied.’ Dat plan maakte heel wat discussien los ,want het museum moest in Leeuwarden komen te staan.

Lês en sjoch fierder by Huub MousLês fierder