‘Fraiz’n in Grunn, je moet moar dúrv’n’ sei in fint dy’t neist my stie te pisjen. It wie op 18 april yn Huize Maas, neidat wy mei SKIFT (Foppe Jacobi, Bauke van der Heide en ik) krekt it Noord-Nederlands Liedjes Festival wûn hiene. It wie ek de jûn dat wy Jacques d’Ancona kennen learden. SKIFT bestiet allang net mear, Jacques sûnt koart allikemin, en oft dat Festival noch bestiet wit ik sa even net.
Oan Liet hiene wy al faker meidien, mei in twadde plak yn ’92 as bêste resultaat. It like ús begjin ’96 net ferkeard it ris bûten de provinsje te besykjen, mei omdat wy sawat klear wiene mei de opnames fan ús cd ‘Nije Hoed’.… Lês fierder