Kollum Aant Mulder: Fryslân fan hout en stien

logo.ensafh

Hout en stien binne boumaterialen dêr’t we meikoarten grutte steapels fan nedich ha. De polityk wol ommers sa’n 220.000 huzen yn de noardlike provinsjes bouwe. Alteast, dat moatte dy provinsjes goedfine as se bettere ferbiningen mei de Rânestêd ha wolle. Dêr stiet fansels foaroer dat aardich wat minsken út de Rânestêd wei har hjirre nei wenjen sette en dan thús foar de kompjûter sitte of yn de Rânestêd binne. Dy huzen sille earst en meast boud wurde op plakken dêr’t stasjons binne, dus op ’e Lemmer, op It Hearrenfean en yn Drachten. De doarpen dêromhinne wurde grif foarstêden fan de neamde plakken.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: In man foar de takomst

logo.ensafh

Koningsdag hjoed. Wy ha in dei frij om by de jierdei fan Willem-Alexander stil te stean, it steatshaad fan it Keninkryk der Nederlanden. Nim it my mar net kwea ôf dat ik dat net doch, want ik ha wat oars om by stil te stean. Nammentlik by in maidenspeech. Dat is de debútrede dy’t elk nij lid fan de Twadde Keamer hâldt, in betooch oer in spesifyk ûnderwerp.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Johannes Keekstra richt met theatervoorstelling de schijnwerpers op melancholieke Friese dominee François HaverSchmidt

logo.ensafh

Dat François HaverSchmidt, alias Piet Paaltjens, drie jaar dominee was in Foudgum, weten maar weinigen. Laat staan dat deze tijd en zijn Friese afkomst zo belangrijk zijn geweest in zijn leven. ,,Dizze regio is te beskieden om him foar it fuotljocht te bringen”, vermoedt Johannes Keekstra. Hij brengt hierin verandering met een theatervoorstelling én boek over de Friese predikant, schrijver en dichter.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Kollum Jan Schokker: 5G-fûgels

logo.ensafh

Twa hiel gewoane manlju, stevich op ’e skonken, feardich en freonlik. Hawar, ien fan dy twa wie in aparte fûgel, teminsten yn myn eagen. Mar mei ik eins wol sa oardielje?

Dy iene – in jonge, lange monteur – kaam deryn mei in part fan ús nije sitbank. De oare, wat ljochter en lytser, mei it byhearrende fuotbankje. Ik leau, soks neame se in hocker yn geef Nederlânsk. Beide mannen moasten sa in pear kear hinne en wer rinne. Moai opinoar ynspile hiene se tegearre de bank samar yninoar, om dêrnei flot en kreas it ferpakkingsmateriaal op te romjen. Plestik by plestik en papier by karton goaiden se werom yn ’t frachtweintsje.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Nienke Jet de Vries

logo.ensafh

Har grutte dream wie om toskedokter te wurden, mar doe’t se nei de middelbere skoalle ta trije kear útlotte waard foar de oplieding Tandheelkunde, moast de no 30-jierrige Nienke Jet de Vries út Burgum wat oars betinke. Dat wie al efkes pittich, mar fia in omwei foel har each op it Frysk en spesjalisearre se har yn har memmetaal. Nei har stúdzje koe se op har staazjeplak by provinsje Fryslân fuort oan it wurk. Sa’n seis jier is se no beliedsadviseur Taal & Underwiis. “Myn kennis fan de Fryske taal en kultuer brûk ik alle dagen.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder