Blog Daam de Vries: Teaterles

logo.ensafh

Mei de faksinaasjes giet it foar wûnder. Jo moatte de goede minsken der efkes oer gear hawwe mar dan hawwe jo ek wat. Dy ha se no fûn dat no wiene der yn in sucht en in skeet ynienen in lytse miljoen prippen by. By boeren is it al jierren sa dat in fatsoenlike boekhâlding it heale wurk is en dat is hjir net oars. De brot stuts wat gammel yninoar mar dat is no oplost. Ik soe der noch in pear fan dy boekhâldkundige eksersyzjes op loslitte, dan is de hiele saak ein dizze moanne wol beslikke. Der al om tinke dat der sa’n santjin miljoen ynwenners binne.… Lês fierder

Oogst week 15 – 2021

logo.ensafh

De Duitse schrijfster Iris Hanika (1962) won de LiteraTour Nord-prijs en de EU-prijs voor literatuur met haar roman Das Eigentliche dat in het Nederlands vertaald werd als Het eigenlijke, door Jantsje Post.
Het ‘eigenlijke’ betekend voor iedereen iets anders. Voor Hans Frambach, de hoofdfiguur in deze roman, zijn het de misdaden in het nazitijdperk waar hij na de oorlog niet mee leven kan. Hij werkt als archivaris bij het Instituut voor ‘Exploitatie van het Verleden’ in Berlijn maar overweegt een andere baan te zoeken.

Lês fierder by Literair NederlandLês fierder

Teleks: It Skriuwersboun oer Rely Jorritsmaprizen en de gemeente Ljouwert

logo.ensafh

Parseberjocht

13-4-21

Ljouwert mei syn ferantwurdlikens net ôfskowe!

Sûnt in diel fan de gemeente Littenseradiel opgie yn de gemeente Ljouwert is B&W fan Ljouwert ek it bestjoer fan it Rely-Jorritsmafûns. Earder foarme B&W fan Littenseradiel it bestjoer, en dy gemeente soarge foar in trochstrings treflike organisaasje fan de “Rely-Rally”. Tsientallen Fryske skriuwers stjoere jierliks bydragen yn. De Rely Jorritsma prizen binne fan grutte betsjutting foar kwaliteit en kontinuïteit fan de Fryske skriuwerij.

De prizen binne ek net tafallich ûnderbrocht by in oerheid. Jorritsma foarseach skynber dat, wannear ‘t de Fryske Biblioteek (dy’t earder ferantwurdlik wie) ophâlde soe te bestean, in link mei de oerheid nedich wie.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Wat in wetter

logo.ensafh

De peaskedagen binne foarby. Dy binne we hast alwer fergetten, it waar noch net. In brede stoarm mei huzehege weagen kaam út it hege noarden wei delsetten en makke dat te uzes stikken strân en strântinten it belije moasten. De earste peaskedei mei sinneskyn waar feroare de oare deis yn in dei mei wynpûsten, mei sniebuien, in dei mei heil en fan en ta sinne. Us kaam de siswize oangeande griene krystdagen en wite peaskedagen yn ’t sin. As de krystdagen wyt binne, binne de peaskedagen grien en oarsom. De jongerein hat neat mear mei sokke siswizen, begriepen we yn petearen mei de bern yn dy dagen.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Fertriet om in bist is gjin oanstellerij

logo.ensafh

Sy koe der noch net ta komme om de bakjes, it iene mei wetter, it oare mei brokjes, op te romjen. Wylst de hûn al trije dagen lyn deagien wie. ‘Soms is it krekt as hear ik syn neilen tikjen op ‘e flier. Of hear ik it lûd fan slobberjen, sa’t er de snút yn it wetter stuts. It sil wol oanstellerij wêze, mar ik kin it net oer myn hert krije om dy bakjes fuort te heljen. Stom, hin?’

Lês fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder