Skôging Pier Bergsma: Bliuw fan de stavering ôf

logo.ensafh

Kleisangen oer it ûnderwiis binne fan alle tiden. “De bern leare minder en minder, se kinne net staverje en se leare gjin rekkenjen mear.” It wie te ferwachtsjen dat der wer ien komt mei in foarstel om de stavering ienfâldiger te meitsjen. Dan soe it foar in soad bern ienfâldiger wurde om sûnder flaters te skriuwen. De measte flaters wurde makke mei tiidwurden en dan benammen mei de “dt”. Dominiek Sandra wol der ôf by it Nederlânsk.

Lês fierder by It NijsLês fierder

50 Very Bad Book Covers for Literary Classics

logo.ensafh

When a book passes into the public domain, it means not only that it’s available for adapting and remixing, but for reprinting and reselling with a brand new cover. Some of these covers are . . . pretty bad. Which, obviously, makes them very fun to look at.

I have collected a number of these very fun, very bad covers below. All of these covers are “real,” that is, attached to books that are at least nominally available for purchase, though many are digital covers for digital editions. You’ll find a number of covers from Wordsworth Classics, premier publisher of badly Photoshopped book covers, but many more from the wilds of digital independent publishing.… Lês fierder

Aginda 15-04-21: Online Skriuwworkshop ‘De Nacht’

logo.ensafh

Meisto graach skriuwe? En hast der nocht oan om yn it nachtlibben fan Fryslân te dûken? Meld dy dan no oan foar de skriuwworkshop by de foarstelling Nacht

De nije teaterfoarstelling Nacht reizget meikoarten troch de provinsje. In unike ûnderfining dy’t him foar in part by dy foar de doar ôfspilet. Dizze foarstelling giet oer minsken dy’t jûns let ûnderweis binne. Wêrom sliepe se net? Wat dogge se noch let bûten? De foarstelling spilet yn de hiele moanne april.

By de foarstelling ûntwikkelje we in oanfoljend programma foar ynteressearre skriuwers: Tryater Rûnom. Besjochst de foarstelling, dochst mei oan in online skriuwworkshop en meist úteinlik dyn wurk presintearje yn in profesjoneel opnommen podcast.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: It kin noch hieltyd net

logo.ensafh

It kin net, dêr moast ik oan tinke doe’t ik de ferhalen oer de boekewike lies. De lanlike boekewike gie net troch, alteast no net, net op dit stuit. It kin dus net, om’t troch koroana gjin gearkomsten mooglik binne. Dy boekewike waard útsteld oan de simmer ta. De Fryske boekewike gie wol troch. It kin net (mei ‘net’ as in hollanisme foar ‘krekt wol’). Deselde wize fan sizzen foar twa ferskillende situaasjes. De iene boekewike gie net troch, de oare al. Ik soe hast sizze: sykje de ferskillen. Dat doch ik mar net, want dy wiene der eins net.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Drûgje dyn triennen, meitsje der in moaie dei fan

logo.ensafh

neontemoarn wie it. De wyn jage de wolken as hazzehûnen oer de loft. Ut en troch klettere in bui tsjin it rút. Binnen prottele de kofje, en hie de appeltaart in ekstravagante pet fan slachrjemme op ‘e kop. De krante lei iepenslein oer de tafel. Omtzigt vreest rumoer in zijn partij, lies ik. Stichtingsbestuur Cambuur stapt op. Coronavirus nog flink aanwezig op de werkvloer. 30 miljoen schade door lentestorm. Business as usual.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder